Studearje yn Wageningen

Op 4 septimber begjint it kolleezje jier 2017/2018 wer. Dat it ‘skoaljier’ yn Wageningen begjint is foar guon al hiel gewoan. Foar oaren is it de earste kear dat dit gebeurd en is it noch ûnbekend wat men der fan ferwachtsje moat.

We krije altiid in protte fragen fan Friezen en net Friezen oft we helpe kinne. Fansels kinne we dat. Jim meie hjirfoar op elk oere fan de dei kontakt mei ús opnimme.

Tarieding
De tarieding foar de stúdzje yn Wageningen begjint thûs yn Fryslan of elders. Belangrykste saken dy’t regele wurde moatte binne in plak om te sliepen (in keamer) en it ferfier nei Wageningen ta. Dat letste is tsjinwurdich gau regelt mei it iepenbier ferfier. Dit kin noch wol is in lange sit wêze en seker wannear je bûten je abbonnemint reizigje moatte kin carpoole mei de oare Friezen yn Wageningen in moaie en snelle opsje wêze.

Wat it finen fan in keamer betreft; dit is tsjinwurdich al in stik dreecher. Wageningen is Booming en dat merk je ek wat betreft it oanbod fan keamers. Dat je fuort en daliks in keamer foar langere tiid fine is lestich. It wssfs hat faaks inkele keamers beskikber foar in heal jier. Omdat leden dan nei it bûtenlân binne is dat faaks in moaie opsje. Bûten it oanbieden fan keamers om, kinne we dy ek helpe mei it syken fan keamers op oare manieren.

Stúdzje
Us leden fertsjinwurdigje meimekoar hast alle stúdzjes fan Wageningen. We kinne dy d’r dus in protte oer fertelle. Foardiel is ek dat d’r altyd minsken binne dy’t dy boeken liene kinne of fan wa’tst boeken oer keapje kinst mei koarting.

De AID (AYD)
Dyn earste erfaring mei Wageningen sil warskynlik tiidens de AID fan 18-23 Augustus wêze. Dizze wike wurdt faaks sjoend as ien fan de meast memorabele wiken fan dyn tiid yn Wageningen. Dit ferjist net gau. Kinst ús ek hjir wer alles oer freegje.
It wssfs is fansels ek oanwesich tiidens de AID. Kinst ús elk momint fan de wike op sykje of delkomme op in aktiviteit.

Op tongersdei 17 of letter yn’e wike binne d’r ferskillende mooglikheden om goedkeap mei ús yn’e auto nei Wageningen te kommen.
Tongersdei te jûn, foarôfgeand oan de AID, is d’r in barbecue: Bis fan herte útnoege!

Planning AID
Freed 18 augustus, Campus games
Sneon 19 augustus, Crazy 88
Snein 20 augustus, Kroegjûn
Moandei 21 augustus, Studiedei
Tiisdei 22 augustus, Workshop
Woansdei 23 augustus, Ynfomerke

It WSSFS
Fansels kinst ek lid wurde fan it wssfs, eltsenien, frysk of net, mei lid wurde. Hjir hoechst gjing moeilijke dingen foar te dwaan. Hiel septimber hewwe we yntro aktiviteiten. We hâlde dy fia de mail op’e hichte fan wat d’r bard.
Ien datum witte we al: fan 22 oant 24 fynt it jierlikse sylkamp plak. Mei alle leden en potentiële leden sille we in moai wykein te sylen yn Terherne.