Lustrum

Algemien

It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje is oprjochte op 23 jannewaris 1930. De earste foarsitter en mei-oprjochter wie Jan-Bieuwes van der Meulen. Hy is spitigernôch net âld wurden mar hat in soad wurk foar de feriening fersetten. Yn it begjin wie it WSSFS in unike feriening yn Wageningen. It wie nammentlik de earste feriening dêr’t sawol manlju as froulju lid fan wurde koenen. By de oare ferienings wie dat net mooglik, meastentiids allinnich manlju en ien aparte feriening foar froulju. Letter is dizze skieding ferdwûn. Foardat it WSSFS oprjochte waard wie der by it corps (CERES) en ek by de oare Wageninske ferienings al Fryske rûnten. Dizze wienen foar eltsenien tagonklik. Der waard oer in ûnderwerp praten dat mei Fryslân te krijen hie. De fiertaal op dizze jûnen wie lykwols Hollânsk.
Nei it oprjochtsjen fan it WSSFS binne der lang goede bannen bleaun mei de oare Wageninske ferienings. De measte WSSFS-leden wienen ek noch lid fan in oare feriening. Hjoeddei binne dizze bannen net sa hecht mear. Nije kontakten binne der lykwols mei de oare regionale ferienings yn Wageningen (BSG en Noabers) yn it YKOO en de oare Fryske ferienings yn Nederlân yn de Federaasje

 

1601