Kommisjes

Kommisjes

It selskip hat allerhande kommisjes, hjirûnder in oersjoch:

Aaisikerskommisje: As it wer maart is, de foarjiersmoanne, fleane de leden fan it W.S.S.F.S. it fjild yn om it earste ljipaai fan Wageningen te finen. Foar de finer is der dan de Aaisikers-tsjelke. Ek wurdt der noch in kear foar de leafhawwers mei-inoar in middei aaisocht. Nei de aaisikerstiid is der fansels de neisoarch.

Aksje: De Aksje is it orgaan fan ús feriening dat it libben yn de tinte hâlde sil. De Aksje stiet garant foar it regeljen fan alle aktiviteiten en feesten oangeande it WSSFS. Fan bowlen oant pealsitten, jo kinne it sa gek net betinke of de Asje organisearret it

ARGYF-kommisje: It wurd ARGYF is fansels net sûnder reden mei haadletters skreaun, want it stiet nammentlik foar: Alear’t Rotsjend Guod Ynienen Fertoarret. Yn it tachtichjierrige bestean fan ús Selskip is der in soad (ûnderoare troch de Heer Wyngaarden) oan argyf opbout. Om dit te behâlden is der in ARGYF-kommisje.

DIES/Lustrum kommisje: Elts jier wurd de jierdei fan it selskip fansels fiert. Dit bart rûn 23 jannewaris en wurd organisearre troch de DIES kommisje. Ienris yn de fiif jier wurd der grut útpakt en in lustrum hâlden, hjirfoar is de lustrumkommisje.

DOFKE:Dofke is de digitale ôfdieling foar kommunikaasje en sa. Wy hâlde ús dwaande mei sawat alle digitale dingen dy’t binnen in selskip barre, wêrfan it byhâlden fan de webside en it meitsjen fan foto’s op de aktiviteiten de belangrykste binne.

Foarstejierskommisje: Elts jier binne der fansels nije leden by it selskip. Dit binne de foarstejiers. Sy foarmje tegearre in kommisje: de foarstejierskommisje. Dat betsjut ek dat der elts jier nije ynspiraasje is yn dizze kommisje. De kommisje organisearret in aktiviteit foar it selskip as grutte tank foar it lid wurden.

Itensiederskommisje: De Itensierderskommisje  is foar it itensieren foar de feriening. Hja kinne op allerhande mominten ynskeakele wurde. Tink oan it  MOARD-wykein of it Dies-iten.

Kas Kontrôle Kommisje: De Kas Kontrôle Kommisje is misskyn wol de wichtichste kommisje fan ús Selskip. Dizze kommisje falt net ûnder it bestjoer (oare kommisjes wol) mar stiet der los fan. Dizze kommisje is elts jier wer drok dwaande mei it goedkarren fan de boekhâlding en it organisearjen fan de ferneamde kaskontrôlekommisje bingo.

MOARD: De kommisje MOARD(Makket Oerdwylske Apen Rju en Deugdsum) is der foar om elts jier wer nije leden te werven foar it WSSFS. Wy organisearje aktiviteiten yn de AYD en it begjin fan it kolleezje jier om de foarstejiers yn’ e kunde komme te litten mei ús Selskip.

Redaksje: De Redaksje soarget eltse perioade fan acht wiken foar in nije Tsjilstynge. Alle leden kinne kopij ynleverje. De redaksje skriuwt sels ek, ferbettert teksten en set it krantsje yninoar.

Taal en Kultuer kommisje: It wyt fan ‘e Taal en Kultuer kommisje is om de leden fan it WSSFS op it mêd fan Fryske Taal en Kultuer it ien en oar by te bringen en op peil te hâlden.

YKOO: It YKOO stiet foar YnterKultureel Oerlis Orgaan. Dizze kommisje wurd foarme troch Brabanders, Noabers en Friezen en hja organiseare in pear kear yn’t jier in aktiviteit.