Skiednis

It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje is oprjochte op 23 jannewaris 1930. De earste foarsitter en mei-oprjochter wie Jan-Bieuwes van der Meulen. Hy is spitigernôch net âld wurden mar hat in soad wurk foar de feriening fersetten. Yn it begjin wie it WSSFS in unike feriening yn Wageningen. It wie nammentlik de earste feriening dêr’t sawol manlju as froulju lid fan wurde koenen. Foardat it WSSFS oprjochte waard wienen der by it corps (CERES) en ek by de oare Wageninske ferienings al Fryske rûnten. Dizze wienen foar eltsenien tagonklik. Der waard oer in ûnderwerp praten dat mei Fryslân te krijen hie. De fiertaal op dizze jûnen wie lykwols Hollânsk.Sjoch hjir de reden fan it oprjochtsjen fan it WSSFS.