It Selskip

It Selskip
Der wurde tal fan aktiviteiten organiseare, sawol ûntspannend, ynformearjend as sportyf. Dizze aktiviteiten, meastentiids op de tiisdeis, wurde sawol troch it bestjoer organiseare as troch de ferskate kommisjes. Derneist is der eltse stúdzje perioade in MG (algemiene gearkomste) wêr’t de húshâldlike saken oer it WSSFS behannele wurde, ûnder it genot fan in pilske  Do kinst fansels oan alle aktiviteiten meidwaan mar dat hoecht net per se. Dat betsjut dat it hiel goed mei oare saken te kombinearen falt.