It bestjoer

It bestjoer fan 2019-2020 hjit “Skot yn’e saak”.

Hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:

Foarsitter: Klasien de Vent

Goeiedei,
Ik bin Klasien de Vent en ik bin twadde jiers lid fan it W.S.S.F.S en ek twadde jiers libbensmiddelentechnologie. Ik bin opgroeid yn Nijeholtpea, no is dat net echt in Frysk doarp, mar dêr wurd Stellingwarfs praten. Gelokkich hat ús mem my de Fryske taal oanleert. Doe’t ik nei myn middelbare skoalle tiid nei Wageningen gong, wie dit foar my in moaie kâns om myn bân mei it heitelân te ûnderhâlden, en der binne in soad moaie freonskippen út foartkommen. Dit jier bin ik dan ek tige grutsk om sizze te kinnen dat ik foarsitter bin fan dit moaie selskip!

Skriuwer: Hendrik Holwerda

Goeie,

Myn namme is Hendrik Holwerda. Ik bin no besig oan myn twadde jier Bodem, Water, Atmosfeer en sit ek sûnt sa lang by it WSSFS. Ik bin yn myn earste jier by it WSSFS gien omdat it in gesellich ploechje minsken is en it wol wat hat om troch de wike ek wer efkes in jûntsje Frysk te praten bûten Fryslân. Fierders binne der net in soad ferplichtingen en hawwe we gjin gedoch mei ûntgrieningen ensa. Myn funksje yn it bestjoer is skriuwer. Dit is fergelykber mei in secretaris.

Ponghâlder: Hillie van der Bij

Goeie!

Myn namme is Hillie van der Bij en ik studearje Bedriuw en Consuminten wittenskippen oan de WUR. Dit is in ekonomische stúdzje en past goed by myn funksje as ponghâlder. Sinds it earste jier dat ik hjir yn Weinum studearje bin ik al aktief by de feriening. Ik fyn it in ear om my yn te setten foar it W.S.S.F.S. as ponghâlder. Neist de ekonomiske dingen hâr ik fan gesellichens. In jûntsje yn’e wike Frysk prate, der sis ik gjin nee tsjin. W.S.S.F.S. is in geselliche, iepen ferieniging wertroch je elkoar goed kinne. De sfeer yn’e groep is ek altiid goed. Ik sjoch út nei dyn komst!

Samler: Ellis Donker

Goeie dei!
Myn namme is Ellis en ik studearje Milieuwittenskippen. Myn funksje sil kommend jier samler wêze. Ik kom út Snits, en doe’t ik ferhuze nei Wageningen tocht ik earst dat ik Fryslân efter my litte woe. Mar hoe leuk is it asto in groep fynst dy’t deselde eftergrûn hat asto, wêrsto dyn memmetaal mei prate kinst , en wêrsto dy fuortendaliks thús fielst? Yn in stêd wer ik net ien koe, folle kilometers fan it heitelân, wie ik bliid dat it WSSFS op myn paad kaam. Dêrom bin ik bliid dat ik no diel útmeitsje fan it bestjoer ‘Skot yn’e saak’ fan sa’n hechte feriening, dy’st ek wol sjen kinst as in út de klúten wosken freonegroep. Ik ha in soad sin yn kommend jier!

Bysitter: Nynke Bilker

Hoi lêzer!
Lykas yntusken al myn mede-bestjoersleden ek al dien hawwe, sil ik my efkes foarstelle. Ik bin Nynke Bilker en ik studearje ynternasjonale ûntwikkelingsstúdzjes hjir yn Weinum. Ik mei mysels bysitter neame fan it WSSFS en dat fyn ik in hiele ear by san moaie ferieniging. De sfear dy’t by úse ferieniging hinget is unyk. Eltsenien kin elkoar goed en dêrtroch is der rûmte foar serieuze gesprekken, mar foaral ek foar folle dom praat. It is heerlik om yn it drokke studentinlibben sa no en dan wer efkes werom te gean nei dyn roots, en samen mei oare Fryske studinten yn Weinum dyn nuchtere blik op de wrâld te dielen. Ik fyn it foaral wichtich dat iederien binnen ús follesidige selskip sichsels wêze kin, en dat de sfeer ûnderling goed is. Gelokkig is dêr faak net sa folle foar nedich, op in geselliche lokaasje en wat hapkes en drankjes nei. Ast fragen of ynteresse hast, nim dan gerêst kontakt mei ús op! Wa wit, oant sjen!