Lustrum

IT W.S.S.F.S. bestiet 90 jier!

It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje is oprjochte op 23 jannewaris 1930. Dat betsjut dat de feriening dit jier 90 jier âld wurd! Hjir sille wy fansels efkes goed by stil stean. Dêrom sil der op 25 jannewaris de Âld-leden dei organisearre wurde, mei bysûndere sprekkers, in buorrel, en it grut feest oan it einde fan de dei. Op dizze dei noadigje wy alle leden en âld leden út om del te kommen. Dizze dei is in goed momint om ris efkes alle oantinkens oer ús moaie feriening op te heljen, tegearre mei alle oare leden en âld-leden.


It program foar dizze dei:

13:30 Untfangst mei kofje, tee en oranjekoeke
14:00 Sprekker: Liskje Flapper, oer de rol dy’t de bûterindustry spile hat yn de emansipaasje fan Fryske froulju yn de 19de iuw
14:45 Skoft
15:15 Sprekker: Projekt Holwert oan See
16:00 Buorrel mei presintaasje Almenak
18:30 Jûnsite
20:30 Live muzyk troch it duo Weima en vd Werf
23:00 Afterparty mei DJ


Wolle jo no graach by dizze dei wêze? Dan kinne jo josels opjaan oant en mei 1 jannewaris op de folgjende trije wizen:

  1. Stjoer in mail nei lustrum.wssfs@gmail.com, mei jo namme, adres en tillefoannûmer
  2. Stjoer in brief nei it W.S.S.F.S., Gebouw 201 de Leeuwenborch, Hollandseweg 1, 6706KN Wageningen, mei jo namme, adres en tillefoannûmer
  3. Skilje mei Hillie van der Bij, 0657708166

Nei opjefte krije jo berjocht fan ús oer it fierdere hoe en wat.


Jo kinne altyd in brief stjoere, maile of skilje foar fierdere fragen.

Wy hoopje op in moaie opkomst dizze dei, want it sil in hiele smûke, nijsgjirrige en bysûndere dei wurde!