Nijs

9-11-2017                                               ‘Tsien nije leden ferbine sich mei it WSSFS’

Op tiisdei te jûn 7 novimber binne tsien nije leden ynaugurearre. Op dizze tiisdei binne wy foar de 619e MG yn Annie’s wer by inoar kaam om ûnder oare getúge te wêzen fan dit barren. As bestjoer, mar ek as “it WSSFS” binne wy fansels tige grutsk mei san moai oantal. Boppedat sille yn jannewaris noch trije oare swingels ek noch ynaugurearre wurde, mar oant dan beskôgje wy harren al gewoan as lid fan ús feriening.

Allegearre tige wolkom as lid by ús feriening. Mei syn allen hawwe wy der in moaie jûn fan makke. Foar de nije leden soms in bytsje dreech, mar dat heart der ek by fansels. Wy hoopje yn elts gefal dat jim it as bysûnder erfaren hawwe.

 

13-09-2017                                                  MG mei healjiers bestjoerswiksel

Woansdei hat de 618e en earste Miene Gearkomst fan dit kolleezjejier plakfûn yn Annie’s. In spesjale jûn, omdat it in MG mei bestjoerswiksel wie. Nei in bakje kofje fan barman Sybe hawwe wy de ôfrûne AYD en earste aktiviteiten fan de MOARD besprutsen. Hjirút kamen toch seker in oantal wichtige ideeën fuort. Tank foar de ynbring! Dernei hat de bestjoerswiksel plakfûn:

Jelmer hat as samler it stokje oerjoen oan Irene. Wy wolle him nochmaals tige tanke foar syn ynset de ôfrûne perioade. Dit jild ek foar Jorn, wa’t syn taak as foarsitter, fanút Nij Seelân, oerdroegen hat oan Amarenske. Sy wie skriuwer, mar Durk sil hjir no mei fierder gean. Regina behâldt har funksje as ponghâlder.  Fjouwer minsken yn it nije bestjoer wêrfan twa nije. Derom en omdat it in healjierlikse wiksel wie, hawwe wy besletten om de namme fan it foarige bestjoer te behâlden: “Fjouwer is mear as fiif”. Wy hawwe d’r sin oan!

De jûn is ôfsluten mei in bierke, wyntsje en friske (foar diegenen dy’t op oare jûnen noch wolris fan in stroh80 hâlde).

 

12-09-2017                                                   Gongdiner

Tiisdei hawwe wy yn Asserpark manmachtich in etaazje yn beslach nommen om mei elkoar te genietsjen fan in oerhearlik gongendiner. De ietensiederskommisje hie it drok, want der kamen mar leafst 25 minsken op de blomkoal- en broccolisop ôf. En dit wie allinnich noch mar it foargerjocht. Hutspot en stamppot boerekoal stie dernei op it menu. Dit smakke tige best, mar wie seker ek in stevige boaiem; altyd wichtich.  As neigesetsje hat Joke dernei in Fryske tiramisu op tafel setten. Hjirtroch wie elkenien hielendal fan de kaart. Dêrom komt it resept yn de earstfolgjende Tsjilstynge te stean.

Ek de swingels, wêrfan der in moai protsje wie, hawwe harren neffens ús goed fermakke. Nei it iten hawwe wy mei syn allen noch gesellich sitten. Sels sa gesellich dat der noch ekstra bier helle wurde moast.

23-01-2017                                                             DIES

 

Op moande 23 jannewaris bestie de feriening 87 jier! Dit hawwe wy yn dizze wike fiert troch middel fan ús DIES aktiviteiten, it “kreasiten” en de foarstejiersaktiviteit. It kreasiten wie dit jier hiel erg drok besocht, mei 22 minsken sieten wy by Andries yn’e keuken. Om’t dit san grutte groep wie moesten tafels, stuollen, boarden en bestek oeral wei helle wurre mar it koe krekt! De itensierders kommisje hie sa as elk jier wer in heerlik trije gongen miel foar ús klear makke. It foargesetsje bestie út pittige Italiaanske sjampinjonne sop of pompoen & paprika sop, beide gerochten wienen goed slagge. Yn it ferfolg mat der noch efkes wat better op de yngredienten letten wurre sadat Rimmer der de oare dei ek net siik fan is. It haadgerjocht bestie út tortellini en as neigesetsje wie der Fryske tiramisu. Dit wie it lekkerste neigesetsje wy dat as feriening oait hân hawwe!

Op woansdei wie it oan de foarstejiers om hun organisear keunsten ris sjen te litten. Om’t de foarstejiers sels mei in hiele grutte groep wie slagge it net om mear leden as foarstejiers op de aktiviteit te krijen mar dochs wie it tige gesellich. Sy hienen in bernefeestje organisearre foar de jierdei fan de feriening.

17-01-2017                                                         MG mei bestjoerswiksel

Op dizze 17 Jannewaris wie it al wer tiid foar de 615de Miene Gearkomst. De opkomst wie goed en dat is tige wichtich omdat by dizze gearkomsten saken besprútsen wurre dy’t de feriening en dêrmei fansels ek har leden oangean. De gearkomste begong gelyk al mei in oanpassing yn’e aginda. Der wie in swingel oanwêzich dy’t ek graach lid wurde woe dus moest der in ynauguraasje ymprovisearre wurde. Hjir bleek it bestjoer goed ta yn steat en sa dwaan hienen wy der opiens wer in nij lid by. Nei de ynauguraasje waard de KEARDEL tsjelke útrikt oan Durk Bakker. Durk hat sich it ôfrunne jier bot ynsetten foar de feriening mei nammen troch it organisearjen fan it Kryst Kongres.

Nei dizze útrikking wie it dan eindelik tiid foar de presentaasje fan de nije bestjoeren.
Der folge in moaie striid tusken it kandidaatsbestjoer “Fjouwer is mear as fiif” en it tsjinbestjoer “Make WSSFS great again”. Mei hun aginda punten oer in muorre tusken Fryslân en Brabân en gjin froulju mear yn it bestjoer, koe it tsjinbestjoer de kiezers blykber net oertsjûgje want sy kriegen úteinlik mar 4 fan de 23 stimmen. Sa dwaande waard it bestjoer “Fjouwer is mear as fiif” ferkoazen troch de leden om kommend jier yn it bestjoer plak te nimmen. Jorn Dijkstra sil hjirby foarsitter wêze, Regina Politiek ponghâlder, Amarenske Wind skriuwer en Jelmern Rijnhart samler.

Nije wike is it wer dies wike! De feriening bestiet dan 87 jier(1930), dat is al hiel âld dus fansels in  goeie reden foar in feestje! Hjirom sil de itensierders kommisje tiisdei by it “kreasiten” in lekker trije gongen menu foar ús samenstelle. Sa at de namme al seit is it de bedoeling dat eltsenien yn de krease klearn nei it iten komt. Foar manlju betsjut dit yn pak en foar froulju yn in kreas jurkje. Jim kinne op de facebook side wol foto’s fyne fan foarich jier! Dizze aktiviteit wurd altyd drok besocht en is oan’t no ta altyd noch sear de moeite wurrich west om te kommen! Woansdei te jûn is it dan de beurt oan de foarstejiers. Sy hawwe no al yn tiidsje yn ús feriening meidraait en no is it hun beurt om sjen te litten dat sy sels ek wol wat moais foar ús organisearje kinne. Ek dit sil sûnder twyfel in moaie jûn wurde!