Loading Events

« All Events

Aaisikers: Meitsje dyn eigen fûgelhûske!

17 maaie @ 15:00 - 22:00
€11

Yn maaie lizze alle fûgels in aai, dochs? No binne wy alwer in skoft te let foar it sykje fan ljippe-aaien, mar dochs binne der fest noch in soadfûgeltjes dy’t wol nocht hawwe oanin moai fûgelhûske!

Dêrom hawwe wy de perfekte aktiviteit foar jimme:

Op snein 17 maaie sille wy sels fûgelhûskes meitsje by Wiedijk Wood Products! Jim sille sels yn it hout boore, it yn mekoar timmerje en krije dêrnei ek nog ris de kâns om jim fûgelhûske te beskilderjen!

Oan it ein fan dit knutseljen is der in stimrûnde foar it moaiste fûgelhûske, wêrmei ast in geweldiche priis winne kist!

Nei al dat hurde wurk sille wy mei syn allen noch lekker ite, troch dat we in potluck hâlde.

Dus: asto komst, nim dan foaral in lekker gerjocht mei om te dielen mei de rest!

🔒 Allinnich leden kinne har ynskriuwe fia de webside. Klik hjir om yn te loggen!

Details

  • Date: 17 maaie
  • Time:
    15:00 - 22:00
  • Cost: €11

Organizer

  • Aaisikerskommisje

Venue

  • Wiedijk Wood Products
  • Fûns 8
    Jorwert, Fryslân 9023AP Netherlands
    + Google Map

Reagearje