Loading Events

« All Events

Mei de HUKBUKFUK nei Keulen

9 maaie @ 09:00 - 10 maaie @ 21:00
€103

Jimme sille fêst drok dwaande wêze mei it learen. Mar natuerlik hasto leaver fakânsje. Dat komt moai út want de HUKBUKFUK sil ynkoarten nei Keulen ta! Wy sille op sneon 9 mei om 9:00 fan ût Wageningen mei de auto nei Keulen ride. Dan binne wy der om 11:30 at alles mei sit. Yn Keulen helje wy dan lunch (of dit nimst mei) en dan sille wy yn in parkje ite. Dernei sille wy in bierpriuwerij ha. Nei de bierpriuwerij kinst dy even opfrisse yn it hotel, dan kinne wy dernei nei it restaurant ta dat wy reservearre ha. Yn de jûn sille wy opstap gean en Keulen únfeilig meitsje. De folgende dei is it tiid om út te brakken en wat better plak om dit te dwaan as yn de bistetún. Oan it ein fan dizze dei sille wy wer nei Wageningen ride en binne wy rûn 21 wer thús. Dizze geweldige reis hat wol in minimale opjefte fan 8 persoanen! Hooplik oant 9 mei, wy ha der seker sin yn!

🔒 Allinnich leden kinne har ynskriuwe fia de webside. Klik hjir om yn te loggen!

Details

  • Start: 9 maaie @ 09:00
  • End: 10 maaie @ 21:00
  • Cost: €103

Organizer

  • HUKBUKFUK

Venue

Reagearje