Yn septimber begjint it kolleezje jier 2020/2021 wer. Dat it ‘skoaljier’ yn Wageningen begjint is foar guon al hiel gewoan. Foar oaren is it de earste kear dat dit gebeurd en is it noch ûnbekend wat men der fan ferwachtsje moat.

We krije altiid in protte fragen fan Friezen, en net Friezen, oft we helpe kinne. Fansels kinne we dat. Jim meie hjirfoar op elk oere fan de dei kontakt mei ús opnimme.

Tarieding
De tarieding foar de stúdzje yn Wageningen begjint thûs yn Fryslan of elders. Belangrykste saken dy’t regele wurde moatte binne in plak om te sliepen (in keamer) en it ferfier nei Wageningen ta. Dat letste is tsjinwurdich gau regelt mei it iepenbier ferfier. Dit kin noch wol is in lange sit wêze en seker wannear je bûten je abbonnemint reizigje moatte kin carpoole mei de oare Friezen yn Wageningen in moaie en snelle opsje wêze.

Wat it finen fan in keamer betreft; dit is tsjinwurdich al in stik dreecher. Wageningen is Booming en dat merk je ek wat betreft it oanbod fan keamers. Dat je fuort en daliks in keamer foar langere tiid fine is lestich. It W.S.S.F.S. hat faaks inkele keamers beskikber foar in heal jier. Omdat leden dan nei it bûtenlân binne is dat faaks in moaie opsje. Bûten it oanbieden fan keamers om, kinne we dy ek helpe mei it syken fan keamers op oare manieren.

Stúdzje
Us leden fertsjinwurdigje meimekoar hast alle stúdzjes fan Wageningen. We kinne dy d’r dus in protte oer fertelle. Foardiel is ek dat d’r altyd minsken binne dy’t dy boeken liene kinne of fan wa’tst boeken oer keapje kinst mei koarting.

De AID (AYD)
Dyn earste erfaring mei Wageningen sil warskynlik tiidens de AID fan 13-16 of 18-21 Augustus wêze. Dizze wike wurdt faaks sjoend as ien fan de meast memorabele wiken fan dyn tiid yn Wageningen. Dit ferjist net gau. Kinst ús ek hjir wer alles oer freegje.
It W.S.S.F.S. is fansels ek oanwesich tiidens de AID. Kinst ús elk momint fan de wike op sykje of delkomme op in aktiviteit.

It WSSFS
Fansels kinst ek lid wurde fan it WSSFS, eltsenien, frysk of net, mei lid wurde. Hjir hoechst gjing moeilijke dingen foar te dwaan. Hiel septimber hewwe we yntro aktiviteiten. We hâlde dy fia de mail op’e hichte fan wat d’r bard. Foar mear ynformaasje oer ús feriening, kinst ek sjen op Studiegids.nl: klik hjir foar de link!
Ien datum witte we al: fan 18 oant 20 septimber fynt it jierlikse sylkamp plak. Mei alle leden en potentiële leden sille we in moai wykein te sylen yn Terherne.