It Bestjoer

It bestjoer fan 2018-2019 hjit “Stinne is it heale wurk”.

Hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:

Foarsitter: Durk Bakker

Goeiedei besiker,
Myn namme is Durk Bakker en ik bin foarsitter by it WSSFS. It is is myn tredde jier dat ik by de feriening aktyf bin. Ik studearje Boaium, Wetter en Atmosfeer en yn myn bestjoersperioade binne dit ek de trije saken dy’t ik wichtich fyn om te ûnderbouwen: soargje foar in sûne boaiem, sadat de feriening syn krêft behâlde kin en fansels noch sterker wurdt. Derneist is in goede wetterkwaliteit essinsjeel, wetter hat elkenien nedich, lykas de feriening betroubere, aktive leden nedich hat. Ik hoopje in bydrage leverje te kinnen oan in aktive feriening en bestjoer dy’t de Fryske “mei-beide-fuorten-op-grûn”-mentaliteit behâld. As lêste fyn ik it tige wichtich dat der in noflike atmosfear binnen ús ploech bestiet. It moat gesellich wêze, wy moatte wat fan inoar opstekke kinne, mar der moatte ek ris gekke dingen dien wurde. Yn myn bestjoersjier besykje ik bepaalde routines ris op in oare, nije manier te dwaan. Dêr haw ik tige nocht oan

 

Skriuwer: Irene de Vries

Goeie! Myn namme is Irene de Vries en ik bin de skriuwer fan it WSSFS. Ik studearje Boaiem, Wetter en Atmosfeer en bin no twadde jiers. Ik bin berne yn Snits en opgroeid yn’e Lemmer. Fryslân fielt echt als myn thûs en ik kom er graach werom, eigentlik elts wykein wol. Ik bin sûnt ik yn Wageningen kwam, drekst lid wûrden fan it WSSFS, omdat ik dit stikje thûs graach behâlde woe. Ik fyn it hiel noflik om efkes Frysk prate te kinnen ek ast yn Wageningen sitst. Dit stikje thûs wol ik ek graach trochjaan oan de nije leden. It WSSFS is echt een moaie ferieniging, werby stû in protte wille belibest.

 

 

 

 

Ponghâlder: Stefan de Jong

Goeie! Myn namme is Stefan de Jong en ik bin dit jier de ponghâlder fan it WSSFS. Ik fyn it skitterjend om my op dizze wize yn te setten foar it WSSFS en dermei oan it fuortbestean fan de feriening.  Yn myn earste jier fan myn stúdzje (Boaiem, Wetter en Atmosfear) bin ik gelyk lid wurden fan it WSSFS, omdat it as thúskommen fielde. Underwilens sit ik yn it twadde jier fan’e stúdzje, lykwols bin ik noch elk wykein te finen yn Blije wêr’t ek noch wurkje. Ik bin in echte sportfanaat (triatlon), wêrmei ik neist it bestjoer en de stúdzje noch protte mei dwaande bin. Ik sjoch út nei dyn komst!

 

Samler: Willeke Weewer

Ha goeie! Wat aardich dat jo hjir op de side sjocht. Ik bin Willeke Weewer, de Samler fan ús bestjoer: “Stinne is út heale wurk”. Ik bin yn Seisbjirrum berne en ha dêr myn jeugd trochbrocht. Op de WUR studearje ik Bistewittenskippen. Op dit momint sit ik yn myn lêste fase fan myn bachelor. Ek bin ik al wer trije jier lid bij W.S.S.F.S. Ik genietsje altyd fan de iepenheid en geselligens fan de ferieniging. We binne de ôfrûne jierren wat grutter wurden wat fansels fantastysk is. Dat wat bleaun is, is de goede freone-sfear fan meiïnoar ien en de spontane en moaie ideeën dy’t ynbrocht wurde troch eltenien. As samler fyn ik it wichtich dat dizze sfear ûnder de leden bliuwt en dat de ideeën omset wurde yn rejele dieden. Us stikje Fryslân in Weiningen betsjut foar ús leden in nij thús en ik ha der nocht oan om dit thús mei dit bestjoer te behâlden, te ûnderhâlden en út te bouwen.

 

Bysitter: Elbrich Schuurmans

Goeie!

Ik sil my ek efkes foarstelle. Ik bin Elbrich Schuurmans en op dit momint bin ik bysitter fan it W.S.S.F.S. It is de bedoeling dat ik my dwaande hâld mei de
digitale ôfdieling en de promoasje fan it W.S.S.F.S. Ek oare bykomstichheden kinne op elts momint oandacht freegje. Op dit momint studearje ik Business- and Consumersciences oan de WUR. Dit foldocht my poer bêst. Neist myn stúdzje bin ik drok mei hynders. Ik bin grut brocht tusken Fryske hynders mar tsjintwurdich ryd en fersjoarchje ik ek oare rashynders. It W.S.S.F.S. is in al lang besteande en bisûndere ferieniging dêr’t ik mei foar de folle 100% foar ynsette sil! It sprekt fansels dat ik safolle mooglik minsken op’e hichte stelle sil fan wat der binnen ús ferieniging spilet en wêr’t wy ús mei dwaande hâlde.