Hjir ûnder de Kêsten fan it Grut Karbrief fan it W.S.S.F.S.
Namme en stee
Kêst 1
De feriening hat de namme: Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje. Hja is oprjochte de 23e fan de foarmoanne 1930 en hat har stee te Wageningen.
Wyt
Kêst 2
-
- De feriening giet út fan it bestean en libbensrjocht fan de Fryske mienskip. Dêrby wurdt ûnder mienskip ferstien in samling fan minsken mei in eigen taal, skiednis en kultuer. De feriening stribbet nei it behâld en de ûntjouwing fan it eigene fan de Fryske mienskip yn wjerwiksel mei de gruttere ferbannen, dêr’t hja diel fan útmakket.
-
- It wyt fan de feriening is:
-
- Stúdzje te meitsjen fan de Fryske taal, skiednis en kultuer en fan de hjoeddeiske saken dy’t Fryslân oanbelangje;
-
- By te dragen oan de mieningsfoarming oer de Fryske saak;
-
- By te dragen oan it him thúsfielen fan de Fryske jongerein yn Wageningen en omkriten.
-
- It wyt fan de feriening is:
-
- De feriening wurket foar har doel troch:
-
- It hâlden fan gearkomsten;
-
- It organisearjen fan lêzingen en diskusjes;
-
- It oanskaffen en rûngean litten fan Fryske boeken en tiidskriften;
-
- It sykjen en ûnderhâlden fan kontakten mei ferienings dy’t soartgelikense doelen neistribje;
-
- It ûnderhâlden fan kontakt mei bûtengewoan âld-leden;
-
- It organisearjen fan aktiviteiten dy’t de geselligens ta doel hawwe;
-
- Oare middels.
-
- De feriening wurket foar har doel troch:
Fiertaal
Kêst 3
De fiertaal fan de feriening is it Westerlauwersk Frysk.
Doer
Kêst 4
-
- De feriening is oangien foar ûnbeskate tiid.
-
- It ferieningsjier begjint de 1e fan de blommemoanne en einiget de 30e fan de gersmoanne, op it betingst dat it jier dêr’t dit karbrief yn jildich wurden is, einiget de 30e fan de gersmoanne fan dat oangeande jier.
Lidmaatskip
Kêst 5
-
- De feriening ken:
-
- Gewoane leden
-
- Eareleden
-
- Bûtengewoan âld-leden
-
- Stipers
-
- De feriening ken:
Dêr’t yn it karbrief sprutsen wurdt oer leden of lid, wurde/wurdt dêrûnder de gewoane leden ferstien.
-
- Gewoane leden binne hja dy’t as sadanich talitten binne neffens itjinge yn kêst 6 fêststeld is.
-
- Eareleden binne hja dy’t út reden fan harren bûtengewoane fertsjinsten foar de feriening oer, of yn it ramt fan it wyt fan de feriening, fan de miene gearkomst dêrta beneamd binne.
-
- Bûtengewoan âld-leden binne hja dy’t nei it opsizzen fan it lidmaatskip noch in, fan miene gearkomste fêststelde jierlikse bydrage oan de feriening betelje.
-
- Stipers binne hja dy’t de feriening jierliks ideëel en finansjeel stipelearje.
Kêst 6
-
- As gewoan lid kin immen talitte wurde, neidat hy/sy in fersyk dêrta by it bestjoer yntsjinne hat. De miene gearkomste beslút oer de talitting. Immen is lid as hy/sy fan de foarsitter op de miene gearkomste ynaugurearre is. As blyk fan it lidmaatskip rikt de foarsitter oan it nije lid de bul út.
-
- In lid moat ynskreaun stean by in akademyske ûnderwiisynstelling of in hegere beropsoplieding yn Wageningen of omkriten.
-
- Dyjingen dy’t net oan it yn lid 2 fan dit kêst stelde foldogge, kinne in fersyk ta frijstelling yntsjinje by it bestjoer.
-
- Eareleden wurde op útstel fan it bestjoer fan de miene gearkomste beneamd.
-
- Bûtengewoan âld-lid kin immen wurde troch by it beëinigjen fan it lidmaatskip oan it bestjoer witte te litten dat hy/sy de bân mei de feriening graach oanhâlde wol. It bestjoer beslist oer de talitting.
-
- Stipers binne maatskiplik hege persoanen (meastentiids professoaren). Hja wurde frege troch it bestjoer.
-
- It lidmaatskip is persoanlik en dêrtroch net oerdraachber en ek net troch erfopfolging te krijen.
Kêst 7
-
- It lidmaatskip einiget:
-
- Troch ferstjerren fan it lid
-
- Troch opsizzing fan it lid
-
- Troch opsizzing út namme fan de feriening
-
- Troch ûntsetting
-
- Troch útskriuwing oan de yn kêst 6 lid 2 neamde ûnderwiisynstellings
-
- It lidmaatskip einiget:
-
- Opsizzing fan it lidmaatskip troch it lid kin allinne barre oan de ein fan in ferieningsjier. It bart troch in skriftlike meidieling, dy’t foar de earste fan de gersmoanne yn it besit wêze moat fan de skriuwer. Dy is ferplichte de ûntfangst binnen acht dagen skriftlik te befêstigjen. Wannear’t in opsizzing net op ‘e tiid bard is, rint it lidmaatskip troch oant de ein fan it earstfolgjende ferieningsjier, of it moat wêze dat it bestjoer oars beslút of fan it lid yn reedlikens net ferge wurde kin it lidmaatskip oan de hâlden.
-
- Opsizzing fan it lidmaatskip út namme fan de feriening kin oan de ein fan it rinnende ferieningsjier barre troch it bestjoer, rekken hâldend mei in opsistermyn fan op syn minst fjouwer wike, wannear’t it lid, nei dêrta by herhelling skriftlik oanmoanne te wêzen, de earste fan de gersmoanne net folslein oan dyn jildlike ferplichtings foar de feriening oer foldien hat en ek wannear’t it lid ophâlden hat te foldwaan oan de easken dy’t ea troch it karbrief foar it lidmaatskip steld wurde mochten. De opsizzing troch it bestjoer kin fuortendalik beëiniging ta gefolch ha, wannear’t yn reedlikens fan de feriening net ferge wurde kin it lidmaatskip trochgean te litten. De opsizzing bart jimmer skriftlik mei opjefte fan redens.
-
- Untsetting út it lidmaatskip kin allinne útsprutsen wurde wannear’t in lid yn striid mei de karbrieven of de besluten fan de feriening hannelt of de feriening op ûnreedlike wize beneidielt. De ûntsetting bart troch it bestjoer, dat it oanbelangjende lid sa gau mooglik fan it beslút, mei opjefte fan redens, op ‘e hichte bringt. Dat oanbelangjende lid hat it foech binnen ien moanne nei ûntfangst fan de meidieling yn berop te gean by de miene gearkomst. Yn de tiid fan de beropstermyn en salang’t it berop noch net ôfdien is, is it lid útsluten. It beslút fan de miene gearkomste ta ûntsetting moat naam wurde mei op syn minst twa-tredde fan it tal útbrochte jildige stimmen.
-
- Wannear’t it lidmaatskip yn de rin fan in ferieningsjier, wat ek de reden of oarsaak is, einiget, bliuwt de jierlikse bydrage dochs folslein troch it lid ferskuldige of it moat wêze dat it bestjoer oars beslút.
-
- Yn ôfwiking fan it beskate yn ‘artikel 36 lid 3 van Boek 2 van het Burgerlijk Wetboek’ kin in lid him/har troch opsizzing fan syn/har lidmaatskip net ûntwine oan in beslút op grûn wêrfan’t de ferplichtings fan jildlike aard fan de leden ferswierre wurde, op betingst fansels fan it yn lid 2 fan dit kêst beskate.
Jildmiddels
Kêst 8
-
- De jildmiddels bestean út:
-
- Kontribúsjes fan gewoane leden;
-
- Bydragen fan stipers;
-
- Bydragen fan âld-leden;
-
- Oare jildmiddels.
-
- De jildmiddels bestean út:
-
- Elts gewoan lid betellet in kontribúsje, dêr’t de hichte jierliks fan fêststeld wurdt fan de miene gearkomste.
-
- Nije leden betelje in part fan de kontribúsje, dêr’t de hichte fan fêststeld wurdt fan de miene gearkomste.
Bestjoer
Kêst 9
-
- It bestjoer bestiet út op syn minst trije persoanen.
-
- De bestjoerders wurde fan de miene gearkomste út de leden fan de feriening beneamd. It bestjoer wiist út syn fermidden in foarsitter, in skriuwe en in ponghâlder oan.
-
- De miene gearkomste kin in bestjoerslid útslute of ûntslaan as hja dêr redens foar hat. Foar in beslút dêrta is in mearderheid nedicht fan twa-tredde fan it tal útbrochte jildige stimmen, wylst op syn minst de helte fan it folsleine tal leden oanwêzich of fertsjintwurdige is.
-
- As net oan it kwoarum lykas neamd yn lid 3 foldien wurdt, kin, nettsjinsteande it tal op de gearkomste oanwêzige of fertsjintwurdige leden, ta útsluting of ûntslach fan in bestjoerder besluten wurde op in folgjende, op syn minst acht mar uterlik tritich dagen nei de earst, te hâlden gearkomst, mei in mearderheid fan de twa-tredde fan it tal útbrochte stimmen.
-
- De bestjoersleden hawwe it foech altyd sels harren ûntslach te nimmen, mits dit skriftlik mei in opsistermyn fan op syn minst trije moanne bart.
-
- Jierliks oan de ein fan it ferieningsjier is it bestjoer as gehiel ôfgeand. Alle bestjoerders fan it ôfgeande bestjoer kinne fuortendaliks wer op ‘en nij keazen wurde.
-
- Wannear’t it bestjoer as gehiel ôfgiet sûnder nije bestjoersleden te ynstallearjen, nimt it de rinnende saken waar oant der in nij bestjoer keazen is, of it draacht dy taken op oan in kommisje dy’t fan de miene gearkomste beneamd wurdt.
Kêst 10
-
- It bestjoer is belêste mei it bestjoeren fan de feriening. Alle bestjoerders mei-inoar en ek de foarsitter en de skriuwer tegearre hawwe it foech de feriening yn en bûten rjochte te fertsjintwurdigjen.
-
- Om it foldwaan te hawwen oer bank- en girosaldy foldocht de hantekening fan de ponghâlder.
-
- Foar it oangean fan jildlienings en ek foar it keapjen, ferfrjemdzjen, beswierjen, hieren of ferhieren fan fêstichheden, foar oerienkomsten dêr’t de feriening har as boarch of haadlik meiskuldner by ferbynt, har foar in tredden-ien sterk makket of har ta wissichheidsstelling foar de skuld fan in tredden-ien ferbynt, hat it bestjoer goedkarring fan de miene gearkomste nedich.
Kêst 11
-
- Binnen twa moanne nei ôfrin fan elts ferieningsjier wurdt in miene ledegearkomste (jiergearkomste) hâlden. It bestjoer bringt yn dy gearkomste syn jierferslach út en docht, ûnder oerlizzing fan de nedige stikken, rekken en ferantwurding fan syn yn it ôfrûne ferieningsjier fierde bestjoer.
-
- De miene gearkomste beneamt jierliks, mar uterlik tritich dagen foar de jiergearkomste, in kaskommisje fan op syn minst twa leden, dy’t gjin diel útmeitsje meie fan it bestjoer en fan wa’t op syn minst ien in âld-bestjoerslid is. De kaskommisje stelt sels kandidaten foar de nije kaskommisje; ien fan harren mei net yn de ôfgeande kaskommisje sit hân hawwe. De kaskommisje hat ta opjefte it ûndersyk fan de rekken en ferantwurding oer it rinnende casu quo lêst ferstrutsen boekjier. De kommisje bringt op de jiergearkomste ferslach út fan har befinings.
-
- It bestjoer is ferplicht oan dizze kommisje alle troch har winske ynljochtings te jaan; har as soks winke wurdt de kas en de warden fan de feriening sjen te litten en boeken en stikken fan de feriening yn sjen te litten.
-
- Goedkarring fan de miene gearkomste fan it jierferslach en de rekken en ferantwurding ûntheft it bestjoer fan ‘e noed.
-
- Wannear’t it goedkarren fan de rekken en ferantwurding wegere wurdt, beneamt de miene gearkomste in oare kommisje besteande út op syn minst twa leden, fan wa’t op syn minst ien gjin sit hie yn de âlde kommisje, dy’t in nij ûndersyk docht fan de rekken en ferantwurding. Dy kommisje hat it selde foech as de earder beneamde kommisje. Binnen in moanne nei de beneaming bringt hja oan de miene gearkomste ferslach út fan har befinings. Wurdt ek dan goedkarring wegere dan nimt de miene gearkomste al dy maatregels dy’t troch har yn it belang fan de feriening nedich achte wurde.
Kêst 12
-
- De miene gearkomsten wurde gearroppen fan it bestjoer, mei achtslaan fan in termyn fan acht dagen. It gearroppen bart troch in oan alle leden te stjoeren fan skriftlike meidieling.
-
- Utsein de yn kêst 11 bedoelde jiergearkomste sille miene gearkomsten hâlden wurde sa faak as it bestjoer soks winsklik achtet, en sa faak as soks, skriftlik en mei opjefte fan de te behanneljen ûnderwerpen, fan op syn minst tsien prosint fan de leden fersocht wurdt.
-
- Nei ûntfangst fan in fersyk lykas bedoeld yn lid 2 is it bestjoer ferplichte ta it gearroppen fan in miene gearkomste op in termyn fan op syn heechst fjouwer wike. Wannear’t it fersyk ta it gearroppen binnen fjirtjin dagen nei dat it troch it bestjoer ûntfongen waard, net útfierd is, sille de fersikers sels ta it gearroppen oergean kinne op deselde wize dêr’t it bestjoer de miene gearkomsten op gearropt.
Kêst 13
-
- Alle leden – sjoch kêst 5 lid 1 – hawwe tagong ta de miene gearkomste en hawwe dêr elts ien stim. Elts lid hat it foech om syn stim útbringe te litten troch in dêrta machtige oar lid.
-
- Stimming oer saken bart mûnling, oer persoanen skriftlik en anonym. It oannimmen fan útstellen by de akklamaasje is mooglik op betingst dat dit bart op útstel fan de foarsitter.
-
- Oer alle útstellen oangeande saken wurdt besluten mei folsleine mearderheid fan útbrochte stimme, foarsafier’t it grut karbrief net oars oanjout. By stûkjen fan de stimmen wurdt útstel achte fersmiten te wêzen . by stimmen oer persoanen is dyjinge keazen dy’t de folsleine mearderheid fan de útbrochte stimmen op him/har feriene hat. Wannear’t nimmen dy mearderheid krigen hat, wurdt in twadde stimming hâlden tusken de persoanen dy’t it grutste part fan de útbrochte stimmen op him/har feriene hat. Wannear’t by dy twadde stimming de stimmen stûkje, jout it lot útslútsel. Under stimmen wurde yn dit kêst ferstien, jildich útbrochte stimmen, sadat net yn oanmerking komme blanko en mei de namme fan it stimmende lid ûnderskreaune stimmen.
-
- In op in miene gearkomste troch de foarsitter útsprutsen oardiel dat in beslút naam is, is beskiedend. Wannear’t lykwols fuortendaliks nei it útsprekken fan dit oardiel de krektens dêrfan bestriden wurdt, fynt in nije stimming plak wannear’t de mearderheid fan de gearkomste of wannear’t de oarspronklike stimming net haadlik of skriftlik barde, in stimberjochtige oanwêzige dit wol.
Kêst 14
-
- It bestjoer hat it rjocht de taken fan de bestjoersleden ûnderling te ferwikseljen.
-
- Fan de op in miene gearkomste behannele saken wurde troch de skriuwer of troch in fan de foarsitter oanwiisd lid fan de feriening oantekens makke.
Kolleezje fan Riedslju
Kêst 15
De feriening ken in kolleezje fan riedslju. Dit hat in advisearjende taak.
Karbriefferoaring
Kêst 16
-
- It karbrief kin allinne feroare wurde nei in beslút fan de miene gearkomste, dêr’t ta oproppen waard mei de meidieling dat op dy gearkomste in feroaring fan it karbrief útsteld wurde sil. De termyn foar it oproppen fan sa’n gearkomste moat op syn minst fjirtjin dagen wêze.
-
- Hja, dy’t de oprop ta miene gearkomste, dêr’t in útstel ta in karbriefferoaring yn behannele wurdt, dien hawwe, moatte op syn minst fiif dagen foar de dei fan de gearkomste in ôfskrift fan dat útstel, dêr’t de útstelde feroaring(s) wurklik yn opnaam is (binne), op in dêrta gaadlik plak foar de leden dellizze om yn te sjen oant nei de ôfrin fan de dei, dêr’t de gearkomste op hâlden waard.
-
- Ta feroaring fan it karbrief kin allinne besluten wurde fan in miene gearkomste dêr’t op syn minst twa-tredde fan it folsleine tal leden fan de feriening oanwêzich of fertsjintwurdige is, mei in mearderheid fan op syn minst twa-tredde fan it tal útbrochte stimmen.
-
- As net foldien wurdt oan it kwoarum kin nettsjinsteande it tal op de gearkomste oanwêzige of fertsjintwurdige leden ta feroaring fan it karbrief besluten wurde op in folgjende, op syn minst acht dagen mar uterlik tritich dagen nei de earste, te hâlden gearkomste, mei in mearderheid fan twa-tredde fan it tal útbrochte stimmen.
Kêst 17
It yn kêst 16 beskate is net fan tapassing as op de miene gearkomste alle leden oanwêzich of fertsjintwurdige binne en it beslút ta in karbriefferroaring ienriedich oannaam wurdt.
Kêst 18
-
- De karbriefferoaring wurdt earst jildich neidat dêr in notariële akte fan opmakke is.
-
- De bestjoerders binne ferplichte in rjochtsjildich ôfskrift fan de feroaring(s) en it feroare karbrief del te lizzen op it kantoar fan de ‘Kamer van Koophandel en Fabrieken’ yn de krite dêr’t de feriening har stee hat.
Kêst 19
In fêststelling fan dit karbrief, dy’t it foech ta feroaring fan ien of mear oare fêststellings beheint, kin allinne feroare wurde mei acht slaan fan deselde beheining.
Untbining en fereffening
Kêst 20
-
- Rekken hâldend mei wat yn ‘artikel 50 van Boek 2 van het Burgerlijk Wetboek’ stiet, wurdt de feriening ûntbûn troch in beslút dêrta fan de miene gearkomste naam mei op syn minst twa-tredde fan it tal jildich útbrochte stimmen yn in gearkomste dêr’t op syn minst trije-fjirde fan de leden oanwêzich of fertsjintwurdige is.
-
- As net foldien wurdt oan it kwoarum kin nettsjinsteande it tal op de gearkomste oanwêzige of fertsjintwurdige leden ta ûntbining besluten wurde o pin folgjende, op syn minst acht dagen mar uterlik tritich dagen nei de earste, te hâlden gearkomste, mei in mearderheid fan twa-tredde fan it tal útbrochte stimmen.
-
- By it oproppen ta de yn de leden 1 en 2 fan dit kêst bedoelde gearkomsten moat meidield wurde dat op de gearkomste útsteld wurde sil de feriening te ûntbinen. De termyn foar it oproppen fan sokke gearkomsten moat op syn minst fjirtjin dagen wêze.
-
- Wannear’t by in beslút ta ûntbining yn dat ferbân gjin fereffeners oanwiisd binne, dan sil de fereffening troch it bestjoer barre.
-
- In mooglik batich saldo sil brûkt wurde foar troch de miene gearkomste fêst te stellen doelen dy’t it meast mei it wyt fan de feriening oerienkomme.
-
- Nei de ûntbining bliuwt de feriening fuortbestean foar safier’t dit foar fereffening fan har fermogen nedich is. Yn de tiid fan de fereffening bliuwe de fêststellings fan de karbrieven foar safier mooglik jildich. Yn stikken en oankundigings, dy’t fan de feriening útgeane, moatte oan har namme teheakke wurde de wurde ‘yn likwidaasje’.
Lyts karbrief
Kêst 21
-
- De miene gearkomste kin troch de wei fan it lyts karbrief neiere regels jaan oangeande it lidmaatskip, de yntroduksje, it bedrach fan de kontribúsje en tagongsjilden, it wurk fan it bestjoer, de gearkomsten, de wize fan it útoefenjen fan it stimrjocht en alle fierder ûnderwerpen, dêr’t de regeling har winsklik fan foarkomt.
-
- Feroaring fan it lyts karbrief kin barre by beslút fan de miene gearkomste wannear’t dit skriftlik fersocht wurdt troch op syn minst ien-tredde diel fan de leden fan de feriening.
-
- It lyts karbrief mei gjin fêststellings befetsje dy’t ôfwike fan of dy’t yn striid binne mei de fêststellings fan de wet of it grut karbrief, of it moat wêze dat de ôfwiking troch de wet of it grut karbrief tastien wurdt.
Taal fan it grut karbrief
Kêst 22
Der bestiet in Frysktalige ferzje fan it grut karbrief. Dizze Frysktalige ferzje hat de foarkar boppe de Nederlânsktalige ferzje. Der sil sawol yn as bûten de feriening safolle mooglik gebrûk makke wurde fan dizze Frysktalige ferzje.