W.S.S.F.S.
It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje
Wolkom op de webside fan it W.S.S.F.S., de Fryske studinteferiening fan Wageningen!
Sylwykein 2024
It hiele kolleezjejier bin wy aktyf, meastentiids op de tiisdeis. Bisto nijsgjirrich nei wat wy allegearre dogge? Stjoer dan in mailtsje nei wssfs@wur.nlen kom ris del om de sfear te priuwen. Of skroll fierder om mear oer ús te lêzen!
Aktiviteiten
Der wurde tal fan aktiviteiten organiseare, sawol ûntspannend, ynformearjend as sportyf. Do kinst fansels oan alle aktiviteiten meidwaan mar neat is ferplicht. Dat betsjut dat it hiel goed mei oare saken te kombinearen falt. Elts jier is der in Sylwykein yn Septimber/Oktober en in Krystkongres yn Frjentsjer tusken kryst en âldjiersdei tegearre mei ús susterferieningen Aldgillis út Delft en FFJ Bernlef út Grins.
Samar in momint
Lustrum foar it 95-jierrich bestean
Skiednis
It Selskip is oprjochte yn 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen. It W.S.S.F.S. is ôfsplitst fan studinteferiening Ceres te Wageningen. It wie de earste feriening yn Wageningen wer’t manlju en froulju op deselde jûn by inoar weze mochten. Dêrneist mochten de studinten Frysk prate op aktiviteiten. Dit wie net fanselssprekkend yn de tiid fan oprjochting. Troch de tiid hinne hat it Selskip al in soad leden kint.
It Bestjoer
It bestjoer soarget derfoar dat de feriening draaiende bliuwt. Der wurde goeie banden holden tusken de susterferienings, stúdzjeferienings en de regionale studinteferienings yn Wageningen. Mear oer it bestjoer hjir.
Bestjoer 2024-2025 ''De Drûge Bui''
It lustrum en de almenak fan 2025 bin meimooglik makke troch: