Wolkom op de side fan it WSSFS. It WSSFS is al sûnt 1930 de moaiste studinteferiening út Wageningen. Op dizze side kinst alles te witten komme oer ús feriening, lykas oer ús aktiviteiten, it bestjoer en de kommisjes. Hast fragen of wolst lid wurde? Dan kinst fansels altyd kontakt mei ús opnimme, de kontaktgegevens binne op dizze side te finen.
Minsken, ús Taal & Kultuer kommisje hat foar takommende wike tongersdei, 22 novimber, twa sprekkers útnoege. Der wurdt ús troch de iene, fan it bedriuw “De Fryske”, fan alles ferteld oer tsiis. In oar sil us wat fertelle oer ús wrâldferneamde Fryske hynder. Twa o sa ferskate en nijsgjirrige ûnderwerpen, hjir wolle jim allegear by wêze fansels! Tuskentroch en nei de tiid kinne we de sprekkers fragen stelle en oan de tosk fiele mei in diskusje. Fansels is it ien en oar oan fersnaperingen ek oanwêzich. Liket it dy wat ta? Elkenien is wolkom dus kom foaral del!
Hâld ús yne gaten, want de kommende dagen meitsje wy beide sprekkers bekend. Wy hoopje op in smûke en learsume jûn!
Wer: H41 Herenstraat 41, 6701 DH Wageningen.
Wannear: tongersdei 22 novimber
Hoelet: it begjint om 20:00
Kosten: een pear euro + eigen konsumpsjes
Kommende tiisdei (12 juni fan ôf 19:00) sil d’r in grut spektakel plak fine op ‘e Merk yn Weinum. De ynwenners en terrashoppers fan ‘e studintestêd sille dan traktearre wurde op it oe sa Fryske strjitkeatsen. Kinsto keatse? Giesto altyd foar de prizen? As hast d’rgewoan niget oan om ûnwittende mei dizze sport yn kontakt te bringen, as it sels ris te besykjen? Jou dy (en dyn foltallige partoer fan twa) dan fuort en daliks op fia wssfs@wur.nl foar tiisdei 12 juni 12:00 oere. Ynlis is €5,- per partoer, dit is inclusief twa konsumpsjes by Buurman&Buurman!
27&28 Desimber: Krystkongres yn Frjentsjer
Mear witte
8 Jannewaris: Nij-jiers sûpke
15 Jannewaris: Miene Gearkomste
22&23 Jannewaris: Dieswike!
29 Jannewaris: Learmomint
KEARDEL tsjelke 2017-2018 giet nei Yeb Andela!
BIER kriich foar Rimmer woudstra!
FLATER kriich 2017 Is wûn troch Peter Aartsma!
WSSFS - Postbus 145
6700 AC Wageningen
wssfs@wur.nl
+31 6 28378048 (D. Bakker) -
Klik hjir foar mear kontakt
ynformaasje