It bestjoer fan 2023-2024: “Hikke en Útflein”
Hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:
Foto’s makke troch Hillie van der Bij & Evelien van der Schaar
Foarsitter: Fokje van der Bij
Agoeie! Ik bin Fokje van der Bij en sil it kommende jier grutsk foarsitter fan it W.S.S.F.S. wêze! Op it momint sit ik yn myn twadde jier fan’e bachelor Ekonomy en Belied. Yn Garyp ha ús âlders in pleats en hjir bin ik dan ek noch regelmjittich wykeins te finen. Mysels soe ik wol omskriuwe wolle as in echte Wâldpyk! Binnen de feriening is it sawol noflik as leechdrompelich dwaande te wêzen mei de Fryske taal en kultuer en it yn stân hâlden dêrfan. Mochtest ea ergens mei sitte as fragen ha, kinst altyd by my oanklopje. Ik ha folle nocht om dit jier bestjoer te dwaan en ha grut fertrouwen yn’e leden en myn mei-bestjoersleden!
Skriuwer: Louise Algra
Goeiedei! Myn namme is Louise en ik bin twaddejiers Bodem, Water, Atmosfeer. Kommend jier bin ik de skriuwer fan dizze feriening. As skriuwer bin ik dwaande mei allegear ferskate dingen, mar it is foaral de eamel dy’t my oanbelanget. Dêrneist soarchje ik derfoar dat eltse perioade de tsjilstynge wer klear leit foar de leden. Ik hâld al sûnt ik in jong famke wie fan stikjes skriuwe en foaral fan lêzen. Dus mei myn funksje as skriuwer sit it wol goed. It ienige wêr oer kleie wurde kin, is miskien dat ik saterje en “sneen” sis omdat ik út in spesifyk doarp út De Wâlden kom. Ik haw in soad nocht oan it bestjoersjier en ik hoopje dat it eltsenien befalle sil.
Ponghâlder: Anja Burghgraef
Goeiedei, ik bin Anja en sûnt ein maart ponghâlder fan dizze prachtige feriening. Ik sit no yn myn 3e jier fan de bachelor Bistewittenskippen en ha kommend jier in tuskenjier. Doe ik yn 2020 yn Wageningen kaam hie ik net ferwachte by de Fryske feriening te gean, ik wie net sa fan it nasjonalistyske, mar doe’t ik nei in pear aktiviteiten wie west, wie it foaral de gesellichheid dy’t my pakte. As ponghâlder hâld ik my dus foaral dwaande mei de jildsaken fan de feriening. De earste twa moannen binne seker drok west mar ik begjin der hieltyd mear yn te kommen en ha in soad nocht yn de rest fan it jier mei dit geselliche bestjoer!
Samler: Hendrika van der Heide
Ha goeie! Ik bin Hendrika van der Heide, 21 jier, ik bin berne op de Rotstergaast en opgroeid yn Bant. Ik sit mominteel yn myn tredde jier fan de bachelor Plantewittenskippen. Sûnt ein maart bin ik samler fan it W.S.S.F.S., nettsjinsteande dat myn keamer al aardich fol stie mei plantsjes hie ik gelokkich noch genôch romte om ek al it ferieningsguod te bewarjen. Doe’t ik by de feriening kaam fielde ik my fuortendaliks op myn plak, en dêrtroch like it my machtich moai om ea bestjoer te dwaan. No’t ik yn it bestjoer sit bin ik hiel bliid mei myn kar en ha ik in soad nocht om der in moai jier fan te meitsjen!
Bysitter: Gerlof Groen
Goeiedei, ik bin Gerlof Groen, kom út Paesens en sit no yn myn tredde jier fan ‘e stúdzje Bos- en Natuurbeheer. Ûndertusken bin ik al in pear moanne bysitter fan de feriening en hâld my der troch dwaande mei ús sosjale media en wat oare taakjes. Doe ’t ik trije jier lien yn Wageningen bedarre fanút it noarden fan Fryslân, kaam ik fia in kollega yn oanrekking mei it wssfs. Sûnder dat ik fan doel wie om by in ferieniging te gean fûn ik it hjirre tige gesellich. Dus sa dwaande bin we no trije jier letter en in bult erfaringen riker. Fan sile mei te hurde wyn (jasses) op it Snitsermar oant yn in winkelkarke sitte op de âlde mercedes fan Eamel de Hûnekop. Der is fan alles bart. Ik sjoch dernei út om takommend kolleezjejier wer oan de slach te gean en jim allegear te sjen!