W.S.S.F.S. It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje

Sylwykein 2023


Wolkom op de webside fan it W.S.S.F.S., de Fryske studinteferiening fan Wageningen! 

It hiele kolleezjejier ha wy aktiviteiten, meastentiids op de tiisdeis. Bisto nijsgjirrich nei wat wy allegearre dogge? Stjoer dan in mailtsje nei wssfs@wur.nl en kom ris del om de sfear te priuwen. Of skroll fierder om mear oer ús te lêzen!

De Sosjals

Aktiviteiten

Der wurde tal fan aktiviteiten organiseare, sawol ûntspannend, ynformearjend as sportyf. Do kinst fansels oan alle aktiviteiten meidwaan mar dat hoecht net per se. Dat betsjut dat it hiel goed mei oare saken te kombinearen falt. Elts jier is der in Sylwykein yn septimber/oktober en in Krystkongres yn Frjentsjer tusken kryst en âld en nij. Dit yn kombinaasje mei ús susterferieningen Aldgillis út Delft en FFJ Bernlef út Grins.

Aktiviteit yn Annie's Kroeg
Lustrum foar it 90-jierrich bestean

Skiednis

It Selskip is oprjochte yn 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen. It W.S.S.F.S. is ôfsplitst fan studinteferiening Ceres te Wageningen. It wie de earste feriening yn Wageningen wer’t manlju en froulju op deselde jûn by inoar weze mochten. Ek mocht der Frysk praat wurde op aktiviteiten. Dit wie net fanselssprekkend yn de tiid fan oprjochting. Troch de tiid hinne hat it Selskip al in soad leden kint.

It Bestjoer

It bestjoer soarget derfoar dat de feriening draaiende bliuwt. Der wurde goeie banden holden tusken de susterferienings, studinteferienings yn Weinum en stúdzjeferienings yn Wageningen. Ek is der goed kontakt mei it Frysk Boun om Utens. Mear oer it bestjoer hjir.

 
Bestjoer 2023-2024 ''Hikke en Útflein''

ús haadsponsor:

Kontakt

Kist ús it bêste berikke fia de mail:

wssfs@wur.nl

Fierders kist us berikke fia ús sosjale media

Postfak:

Gebouw 201, de Leeuwenborch
Hollandseweg 1, 6706 KN Wageningen