Skiednis fan it W.S.S.F.S.
It Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje is oprjochte op 23 jannewaris 1930. De earste foarsitter en mei-oprjochter wie Jan Bieuwes van der Meulen. Hy is spitigernôch net âld wurden, mar hat yn syn libben in soad wurk fersetten. Yn it begjin wie W.S.S.F.S. in unike feriening yn Wageningen. It wie nammentlik de earste feriening dêr’t sawol manlju as froulju lid fan wurde koenen. By de oare ferienings wie dat net mooglik, meastentiids allinnich manlju en ien aparte feriening foar froulju. Letter is dizze skieding ferdwûn. Foardat it W.S.S.F.S. oprjochte waard, wienen der by Ceres (studinteferiening yn Wageningen) en ek by de oare ferienings al Fryske rûnten. Dizze wienen foar eltsenien tagonklik. Dêr waard oer in ûnderwerp praten dat mei Fryslân te krijen hie. De fiertaal op dizze jûnen wie lykwols Hollânsk. Wierskynlik wie dit lêste de reden foar Jan Bieuwes van der Meulen om it W.S.S.F.S. op te rjochtsjen.
W.S.S.F.S. yn 1932
W.S.S.F.S. yn 1945
Op de feriening ha wy mar ien erelid. Syn namme is Tjipke Wyngaarden. Dizze man is fan 1952 oant 1997 de foarsitter west fan it Kolleezje fan Riedslju. Hy makke in soad wurk fan de feriening. Doe’t hy yn it KfR siet wie hy noch steeds by alle gearkomsten fan it bestjoer en hy skreau stikken foar de Almenak en de Tsjilstynge. Foar al syn wurk foar de feriening is Wyngaarden yn 1992 earelid fan de feriening wurden. Dat gie net samar want Wyngaarden woe it self net hawwe. Jan Bieuwes van der Meulen wie nammentlik ek gjin earelid dus dan koe hy dat ek net wurde. Mar de leden en âld leden woene it dochs sa hawwe, en dêrom binne de kêsten oanpast sadat Wyngaarden dochs earelid fan de feriening wurde koe. It wie doe 50 jier neidat Wyngaarden sels lid wurden wie en hy wie doe 40 jier lang foarsitter fan it KfR. Safolle wurk foar de feriening koe net ien him nei dwaan.
KEARDEL
Dizze tsjelke is oanbean op 29 maart 1983 troch Allard Andela, Jan Heeres, Hans Hettinga, Jelle Jan van der Hoek en Arjan Rypkema; it bestjoer fan 1982-1983. De KEARDEL stiet foar ‘Krêftichst En Allyksa Regelmjittich Delkommend Earber Lid’. Elts jier wurdt yn de Miene Gearkomste mei de bestjoerswiksel de tsjelke útrikke oan it Krêftichst En Allyksa Regelmjittich Delkommend Earber Lid fan it ôfrûne selskipsjier. De namme fan it KEARDEL komt op de winnerslist op de tsjelke te stean.
FLATER
De FLATER-tsjelke is oanbean troch it bestjoer fan 1990-1991, Marco Otte, Gosse Veninga, Jarig-Jan Odinga, Baukje de Witte en Baukje de Roos. De FLATER-tsjelke stiet foar Fryske Lêzers Aswol Tinkers En Rieders Tsjelke. Dizze tsjelke kin wûn wurde troch in ploechje W.S.S.F.S.-leden of -swingels dy’t oantoand hawwe de grutste kreativiteit en kennis oer it W.S.S.F.S. en Fryslân ta harren te hawwen yn it jierlikse W.S.S.F.S.-spul. It W.S.S.F.S.-spul wurdt hâlden mei de earste gearkomste nei de simmerfakânsje. De ynset fan dit spul is de FLATER-tsjelke. De winners komme op in oarkonde te stean.
GLOMP
Dizze tsjelke is oanbean op 27 maaie 1993 troch Geertje van Veen, Linda Meijer, Onno Luimstra, Martine Kilian en Pieter Jan Brandsma; it bestjoer fan 1993-1994. De tsjelke is ynsteld om de motivaasje foar it plaknimmen yn de sûpersploech te ferheegjen en sadwaande te stimulearjen dat op it Krystkongres de bêst mooglike ploech ôflevere wurdt foar op de bierkriich. Ynmiddels wurdt de GLOMP-tsjelke net mear brûkt foar dit doel, mar bestiet de GLOMP-kriich noch altyd. De GLOMP-tsjelke wurdt wûn troch it snelst bierdrinkende lid. De winner wurdt gravearre op de tsjelke. De GLOMP-hâlder fan in jier einigjend op in trije (3) organisearret in feest wêrby’t alle winners en oanbieders útnûge wurde.