Kommisjes
By it W.S.S.F.S. ha wy in soad kommisjes. Eltse wike set ien fan ús kommisjes sich yn om in aktiviteit foar ús del te setten. Sûnder ús kommisjes soenen wy net bestean kinne! Hjirûnder is in list fan alle kommisjes dy’t aktyf binne op ús feriening.
Oarspronklik organisearre de aaisikerskommisje it aaisykjen: As it wer maart wie, de foarjiersmoanne, fleane de leden fan it W.S.S.F.S. it fjild yn om it earste ljipaai fan Wageningen te finen. Eartiids wie der foar de finer dan in Aaisikerstsjelke. Dizze hawwe wy spitigernôch al in hiel oantal jierren net mear sjoen. Ek waard der noch in kear foar de leafhawwers mei-inoar in middei aaisocht. Undertusken hat dizze kommisje in wat bredere funksje: De aaisikerskommisje organisearret minstens ien kear per jier in útstapke de natuer yn. It hoecht dus net mear per se aaisykjen te wêzen.
De Aksje is de grutste en dreechste kommisje (faak aktiviteit), mar wol de kommisje wêr’t de measte wurdearring en foldwaning te beheljen falt. De Aksje organisearret meastentiids ien kear per perioade in aktiviteit. Fan de Aksje meist ek wol in wat wiidweidigere aktiviteit ferwachtsjen as fan oare kommisjes. De Aksje hat gjin fêststeande aktiviteiten, alle frijheid.
De Almenakkommisje bestiet net altyd. Dizze kommisje wurdt ûngefear 1,5-2 jier foar it lustrum oprjochten sadat se wilens it lustrum de nije Almenak presintearre kinne. De leden fan dizze kommisje komme in soad oer it Selskip, de kommisjes en oer inoar te witten.
A.R.G.Y.F. stiet foar Alear’t Rotsjend Guod Ynienen Fertoarret. Dizze kommisje is yn it libben roppen om’t der in tekoart oan argyfromte is. Yn 2009 is Dhr. T. Wyngaarden ferstoarn. Hy wie in tige warber earelid en hat in soad guod fan it Selskip garre en bewarre. It argyf fan it selskip befynt har op’t stuit yn’e kelder fan Forum. Ek is er noch in argyf yn it Tresoar yn Ljouwert en in digitaal argyf op de ARGYF-drive. De samler fan de feriening wurdt meastentiids foarsitter fan de
B.O.A.R.R.E. stiet foar Betsjinje Oan Akademysk (as Alkohoalysk) Roppige Rekhalzjende Eamels. De B.O.A.R.R.E.-kommisje is de kommisje dy’t by Miene Gearkomsten efter de bar stiet. Hja soarget dat elkenien drinken kriget. Ek soarget de B.O.A.R.R.E. der foar dat de kroech nei de tiid opromme wurdt. Elk lid fan de B.O.A.R.R.E.-kommisje hat in tap-sertifikaat fan it IVA nedich. De boarre organisearet faaks ek 2 aktiviteiten per jier, de ôfrûne jieren wie ien fan dizze aktiviteiten in plus ien jûntsje wêrby’t elkenien immen fan bûten de feriening meinimme koe.
D.O.F.K.E. stiet foar Digitale Ofdieling Foar Kommunikaasje Ensa. It D.O.F.K.E. is ferantwurdlik foar it byhâlden fan de digitale kommunikaasje, sa as ús hiemside (www.wssfs.nl), LinkedIn-webstek, ús facebookside en ús instagram akkount. It D.O.F.K.E. is ek ferantwurdlik foar it meitsjen fan foto’s by de aktiviteiten. Fierders organisearret it D.O.F.K.E. ek wol ris in aktiviteit.
Alle foarstejiers wurde yn de foarstejierskommisje slein tidens de MG mei ynauguraasje. De foarstejiers krije de taak om ien kear in super leuke aktiviteit del te setten foar de rest fan de leden. Elts jier wer soargje ús foarstejiers foar in geweldige jûn!
It is by it Selskip in tradysje dat de leden fan it Selskip dy’t ôfstudearje en dy’t it bestjoer derfan op ‘e hichte bringe (foar feest of útrikking) in bearenburchromer mei ynskripsje krije. De Fûgeltjes soargje derfoar dat dizze glêskes gravearre wurde.
De HUKBUKFUK stiet foar Hollândsk Utstapke Kommisje, Bûtenlansk Utstapke Kommisje, Frysk Utstapke Kommisje. Dizze útstapkes kinne nei heitelân, mar ek nei it útlân. Dizze kommisje kin dus fan alles en noch wat organisearje. De ôfrûne jierren hat de HUKBUKFUK wol ris in útstapke organisearre nei in lid dy’t op exchange yn it bûtenlan is en ha sy yn 2025 de lustrumreis nei Tsjechië organisearre!
De Itensiederskommisje siert faaks it iten foar it gongdiner en it MOARD-wykein. Somtiden wurde sy ek frege foar in aktiviteit. De Itensiederskommisje kin ek op oare mominten ynskakele wurde sa as it kreas-iten mei de DIES.
It doel fan de kommisje oanklaaiïng is om alle leden yn kreaze ferieningsklean te stekken. Hjirtroch kreëarje hja noch mear ferienigingsgefoel en fansels wurdt it W.S.S.F.S. ek bekender yn Wageningen en omkriten.
MOARD stiet foar Makket Oerdwealske Apen Rju Deugdsum. Dizze kommisje fersoarget in moaie yntroduksjetiid foar nije leden. Dit begjint by de AYD (Algemiene Yntroduksje Dagen). Hjir moatte safolle mooglik potinsjele leden fûn en oansprutsen wurde. De MOARD soarget derfoar dat it W.S.S.F.S. sjoen wurdt en fersoarget de fierdere yntroduksje aktiviteiten. Dizze aktiviteiten binne de kampfjoerjûn, it gongdiner en in aktive aktiviteit.
Ien kear yn’e fiif jier wurdt de DIES net troch it bestjoer organisearre, mar troch de Lustrumkommisje. De Lustrumkommisje is frij om dizze wike yn te foljen sa’t har goed taliket, sa lang it fansels mar in grut feest wurdt! De Lustrumkommisje wurdt 1,5-2 jier foar it lustrum oprjochten.
De Redaksje soarget eltse perioade fan acht wiken foar in nije Tsjilstynge. Alle leden kinne kopij ynleverje. De redaksje skriuwt sels ek, ferbettert teksten en set it krantsje yninoar. As de Tsjilstynge drukt is, fersoarget de foarsitter fan de Redaksje (de skriuwer) dat de Tsjilstynge op’e post giet nei de abonneminthâlders en by de leden terjochte komt. Tsjinwurdich kinne abonneminthâlders de Tsjilstynge ek per eamel ûntfange.
De sportkommisje organisearret sa no en dan in sportive aktiviteit. Fierders kinne se byspringe by de organisaasje fan it strjittekeatsen at de Taal- en Kultuerkommisje hulp nedich hat.
De Taal & Kultuer kommisje is in tige wichtige kommisje. Hja organisearje ferskate saken, lykas sprekkers foar in sympoasium as in nijsgjirrige jûn. Dêrneist wurdt der, as dat mooglik is, in Afûk-kursus organisearre. Op dit stuit organisearje se elts jier in sprekkersjûn en it strjittekeatsen.