Bestjoer Oer de Wjuk 2025-2026
Niels Andela
Ha goeie, ik bin Niels en ik mei dit jier foarsitter wêze fan it Selskip! Ik kom út Burdaard, wêr ik noch elts wykein te finen bin om ûnderoaren te fuotbaljen. Ik hoopje ein dit skoaljier myn bachelor ôf te rûnjen en nei de simmer te begjinnen oan de master Bosk- en Natuerbehear. Dit sil myn twadde bestjoersjier wêze by it W.S.S.F.S.. Nei in jier bysitter west te wêzen fûn ik it sa moai dat ik noch wol efkes fierder woe. Ik haw der in soad nocht oan om tegearre mei dit moaie bestjoer en alle leden der wer in moai jier fan te meitsjen!


Anje Alyt Falkena
Ha goeie! Ik bin Alyt en sil dit jier skriuwer wêze. Ik sit op it stuit yn it earste jier fan de master Environmental Sciences en haw hjirfoar ek dizze bachelor dien. Ik kom oarspronklik út it moaie Anjum, wêr’t ik noch hieltyd graach werom kom om fan it waad en it Lauwersmar te genietsjen! Ik sit no alwer in hiel oantal jierren by it Selskip, en nei ferskate kommisjes lykas de MOARD en de Lustrumkommisje tocht ik no is it dochs eindelik tiid foar it bestjoer. Asto ris sin hast om in blokje om of in bakje tee te dwaan hit me up want der bin ik altyd foar yn de mood!
Jente Bonnema
Hoi, ik bin Jente Bonnema en ik bin 20 jier âld. Ik studearje noch altyd Argotechnologie omdat ik myn bestjoersjier sa leuk fûn haw ik besluten om noch mar in jier bestjoer te dwaan. Om wol wat ôfwikseling te hawwen bin ik dit jier ponghâlder yn plak fan samler. Ik sjoch út nei wer sa’n moai jier mei syn fjouweren. Wy hoopje op wer in moai jier en in moai ploechje nije leden. Ik tink dat dat wol slagje moat.


Rimmer Paul de Hoop
Ha goeie, ik bin Rimmer. Ik bin dit jier de Samler fan it W.S.S.F.S.. Ik bin in 3e jiers studint dy’t no dochs noch switcht nei Biology dus ik bliuw hjir ek noch wol efkes. Fierders bin ik 21, graach yn beweging en game ik jûns ek wol ris. Ik ha in soart nocht oan dit bestjoersjier mei myn bestjoers genoaten. Litte wy der in gesellige tiid fan meitsje!