It bestjoer fan 2017-2018 hjit “Fjouwer is mear a fiif”. Dizze namme komt fan de siswize ‘acht is mear as njoggen’. Wy wolle ús as bestjoer graach mei in soad oertsjoeging foar de feriening ynsette. Op dizze wize hoopje wy in moai resultaat te beheljen. Wy wolle as bestjoer graach ús bydrage leverje oan it foartbestean fan de feriening en wy hoopje dat de feriening noch hiel lang bestean bliuwe mei!
Oant safier de namme, hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:
Foarsitter: Jorn Dijkstra
Jorn is twadde jiers student Internasjonaal lân en wetter beheer en sûnt augustus 2016 foarsitter fan it W.S.S.F.S.. Hy set sich graag aktief yn foar de saken wêr’t de feriening hjoed de dei mei te krijen had. “De feriening wie en is foar guon minsken erg belangryk; een plak wêr eltsenien wolkom is en it noflik oanfielt, hjir wol ik graach únderdiel fan útmeitsje en sa meiwurkje oan it fuortbestean fan it W.S.S.F.S.”.
Skriuwer: Amarenske Wind
Leuk dasto op ús side sjochst! Myn namme is Amarenske Wind en ik bin dit jier de skriuwer fan it WSSFS. Neist dat ik yn it bestjoer sit, studearje ik ynternasjonale ûntwikkelingsstúdzjes hjir yn Wageningen en ik sit no yn it tredde jier. Foardat ik nei Wageningen ta gong te studearjen wenne ik by myn âlders yn Nes by Akkrum. Ik bin yn it bestjoer gong om’t ik it wichtich fyn dat de Fryske jongerein harren thús fiele yn Wageningen en it WSSFS draacht dêr seker oan by! Ast lid wurre wolst of fragen hast, nim dan rêstich kontakt mei ús op!
Ponghâlder: Regina Politiek
Goeiedei, myn namme is Regina Politiek en bin de hjoeddeistige ponghâlder fan it selskip.
Samler: Jelmer Rijnhart
Goeie! Ik bin Jelmer Rijnhart. Berne yn Wageningen en opgroeid yn Fryslân. Ik bin lid wurden op advys fan in âld-lid. Drekst nei de earste aktiviteit wêr’t ik hinne wie, hie ik besluten dat dit in noflik groepke minsken is wêr’t ik graach mei omgean. Yn it bestjoer bin ik de samler. Ik studearje bistwittenskippen en ha yn Fryslân altyd by myn omke op de pleats holpen. Dat doch ik no noch eltse sneon en yn de fakânsjes, moarns betiid de kei út it lân helje of in dei gêrs meane. Prachtich wurk is ‘t. Myn âldelju wenje yn Drachten, dêr bin ik opgroeid en der gean ik ek elts wykein wer hinne.