It bestjoer fan 2017-2018 hjit “Fjouwer is mear a fiif”. Dizze namme komt fan de siswize ‘acht is mear as njoggen’. Wy wolle ús as bestjoer graach mei in soad oertsjoeging foar de feriening ynsette. Op dizze wize hoopje wy in moai resultaat te beheljen. Wy wolle as bestjoer graach ús bydrage leverje oan it foartbestean fan de feriening en wy hoopje dat de feriening noch hiel lang bestean bliuwe mei!
Oant safier de namme, hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:

Foarsitter: Amarenske Wind

Leuk dasto op ús side sjochst! Myn namme is Amarenske Wind en ik bin dit jier de Foarsitter fan it WSSFS. Neist dat ik yn it bestjoer sit, haw ik de BSc fan ynternasjonale ûntwikkelingsstúdzjes hjir yn Wageningen helle en bin ik dit jier begun oan in master yn Utert. Foardat ik nei Wageningen ta gong te studearjen wenne ik by ús heit en mem yn Nes by Akkrum. Ik bin yn it bestjoer gong om’t ik it wichtich fyn dat de Fryske jongerein harren thús fiele yn Wageningen en it WSSFS draacht dêr seker
oan by! Ast  lid   wurde wolst of fragen hast, nim dan rêstich kontakt mei ús op!

 

Skriuwer: Durk Bakker

Goeiedei besiker! Myn namme is Durk Bakker en ik bin skriuwer by it WSSFS. It is is myn tredde jier dat ik by de feriening aktyf bin. Ik studearje Boaium, Wetter en Atmosfeer en yn myn bestjoersperioade binne dit ek de trije saken dy’t ik wichtich fyn om te ûnderbouwen: soargje foar in sûne boaiem, sadat de feriening syn krêft behâlde kin en fansels noch sterker wurdt. Derneist is in goede wetterkwaliteit essinsjeel, wetter hat elkenien nedich, lykas de feriening betroubere, aktive leden nedich hat. Ik hoopje in bydrage leverje te kinnen oan in aktive feriening en bestjoer dy’t de Fryske “mei-beide-fuorten-op-grûn”-mentaliteit behâld. As lêste fyn ik it tige wichtich dat dêr in noflike atmosfear binnen ús ploech bestiet. It moat gesellich wêze, wy moatte wat fan inoar opstekke kinne, mar der moatte ek ris gekke dingen dien wurde. Yn myn bestjoersjier besykje ik bepaalde routines ris op in oare, nije manier te dwaan. Dêr haw ik tige nocht oan!

 

Ponghâlder: Regina Politiek

Goeiedei! Myn namme is Regina Politiek en ik bin ponghâlder fan it WSSFS. Ik haw myn BSc levensmiddelentechnologie helle yn Wageningen en bin no begûn oan de opfolgjende master. Foardat ik nei Wageningen kaam wenne ik by myn alders yn Aldehaske, wer at ik noch graach ris werom kom. Ik bin yn myn earste jier lid wurden fan it WSSFS omdat ik my by it WSSFS thús fielde en my dêrtroch ek mear thús fielde yn Wageningen. Yntusken is dit myn fjirde jier dat ik aktyf lid bin fan it WSSFS en wy ha noch altiid yn soad wille by it WSSFS. Ik fyn it moai om my op dizze wize yn te setten foar de feriening en dêrmei mei te wurkjen oan it fuortbestean fan de feriening sadat de Fryske jongerein harren thús fiele kin yn Wageningen

 

Samler: Irene de Vries

Goeie! Myn namme is Irene de Vries en ik bin de Samler fan it WSSFS. Ik studearje Boaiem, Wetter en Atmosfeer en bin no twadde jiers. Ik bin berne yn Snits en opgroeid yn’e Lemmer. Fryslân fielt echt als myn thûs en ik kom er graach werom, eigentlik elts wykein wol. Ik bin sûnt ik yn Wageningen kwam, drekst lid wûrden fan it WSSFS, omdat ik dit stikje thûs graach behâlde woe. Ik fyn it hiel noflik om efkes Frysk prate te kinnen ek ast yn Wageningen sitst. Dit stikje thûs wol ik ek graach trochjaan oan de nije leden. It WSSFS is echt een moaie ferieniging, werby stû in protte wille belibest.