It bestjoer fan 2021-2022 hjit “Nei Skoft In Protterkloft

Hjirûnder in koarte foarstelling fan de bestjoersleden:

Foto’s makke troch Melvin Post

Foarsitter: Evanne Dongstra

Ha goeie! Ik bin Evanne, fierdejiers Plantenwittenskippen. Ik kom út Diever, en foar de echte kenners ûnder ús is dat gjin Fryslân, mar Drinte. In freondinne naam my in kear mei nei in aktiviteit en dat fûn ik sa gesellich dat ik nea mear fuortgongen bin. Ik hie eartiids nea tocht dat ik foarsitter wurde soe fan in Fryske feriening, mar no stean ik er toch! Myn Frysk haw ik by de feriening leard (en ik lear eltse wike noch nije dingen), dus ik haw gjin sterke miening oer hoe’t wurden útsprutsen wurde moatte. Heit of hoit, sneon of saterje, giet of got, ik fyn alles bêst. Ek yn de diskusje oer de Wâldpiken tsjin de Klaaikluten bin ik frij neutraal. Yn Wageningen bin ik fierder noch aktyf by studinteskouting de Yggdrasilstam.

Ik hoop dat we tidens dit bestjoersjier wer wat libben yn de feriening blaze kinne, want elkenien hat in saaie en frjemde perioade hân. Ik sil yn elts gefal myn bêst dwaan!

Skriuwer: Joran v/d Molen

Hoi allegeare, ik bin Joran van der Molen en ik bin treddejiers plantenwittenskippen. As funksje yn it bestjoer doch ik dy fan skriuwer en dat hâldt yn dat ik de eamel (besykje 😊 ) by te hâlden en fierders al it kletspraat wat sein wurdt by in gearkomste ta my nim en yn in pear koarte sinnen delskriuw yn de oantekens. Soks wurk past my tige goed omdat ik in soad ynteresse ha foar, en wiis bin mei, de Fryske taal en my graach ynset foar it behâld der fan. Dêrnjonken foldocht my it W.S.S.F.S. benammen poer bêst as smûk selskip wêr’t je eltse tiisdei in machtich moaie jûn fol wille hawwe. Hooplik kinne wy aanst yn it nije skoaljier de feriening wer draaie as fanâlds en krije wy in fantastysk grutte protterkloft. Oan’t gau!

Ponghâlder: Ronald Nieuwenhuis

Goeie,

Goeieee, myn namme is Ronald en ik tink ik bliuw noch mar oan as ponghâlder. It is wol goed at bestjoeren net kompleet wikselje want sa hâlde je in goede oerdracht fan kunde. Nou at de koroanastoarm wat begjint te lizzen, is it tiid om it selskip wer fol gas oan te slingerjen en in protte leuke dingen te dwaan.

Samler: Hylke Schakel

Ha goeie, myn namme is Hylke Schakel en ik bin treddejiers plantewittenskippen. Ik sit sûnt 2019 by it WSSFS en it is my oant no ta altyd goed befallen. Doe’t ik krekt mei de studzje begûn wie ik op syk nei in plak dêr’t ik myn jûnen slite koe, mar ik woe ek tiid oerhâlde foar de stúdzje. It WSSFS fûn ik de perfekte balâns hawwen en omdat it dochs ek in stikje Fryslân yn Weinum is, hie ik it dêr al fluch nei myn sin. It is in smûk selskip dêr’t eltsenien inoar kint. As samler mei ik my dwaande hâlde mei it byhâlden fan de kommisjes en ynterne kontakten fan it selskip en it bewarjen fan it guod fan de feriening. Ik hoopje op in moai jier, mei in soad wille foar eltsenien.

Bysitter: Jacob Wiedijk

Goeie, ik bin Jacob Wiedijk, 3e jiers agrotechnologie, en bin bysitter fan it W.S.S.F.S. Ik kom út Mantgum, tusken Ljouwert en Snits. Yn myn foarste jier bin ik fuorts lid wurden fan de feriening omdat ik it altyd tige gesellich fûn. Dit wol ik graach sa trochsette en wol dêrom wat betsjutte foar de feriening. Graach sjoch ik de feriening wer krekt sa as foar koroana. It goed presentearjen fan de feriening is hjirby wichtich om ek de nije studinten kunde te jaan fan ús bestean. Litte wy wer gau in moaie Protterkloft wurde, ik ha der nocht oan!