Wolkom by it W.S.S.F.S.

Ynteresse?

Folje it ynteresseformulier yn en wy nimme kontakt mei dy op!

Folje it formulier yn
Lustrumreis 2025

It hiele kolleezjejier bin wy aktyf, meastentiids op de tiisdeis. Bisto nijsgjirrich nei wat wy allegearre dogge? Sjoch ris yn ús bûsboekje op de website! Wolst in kear delkomme? Stjoer dan in mailtsje nei wssfs@wur.nl en kom ris del om de sfear te priuwen. Of skroll fierder om mear oer ús te lêzen!

Der wurde tal fan aktiviteiten organiseare, sawol ûntspannend, ynformearjend as sportyf. Do kinst fansels oan alle aktiviteiten meidwaan mar neat is ferplicht. Dat betsjut dat it hiel goed mei oare saken te kombinearen falt. Elts jier is der in Sylwykein yn Septimber/Oktober en in Krystkongres yn Frjentsjer tusken kryst en âldjiersdei tegearre mei ús susterferieningen Aldgillis út Delft en FFJ Bernlef út Grins.

Set it yn dyn aginda

Earstfolgjende aktiviteit

Kampfjoerjûn

1 septimber 2026
20:00 – 23:30
Forum Kampfjoerplak

Om it kolleezjejier goed te starten, ha wy altyd as earste aktiviteit in kampfjoerjûn! Ek dit jier sille wy wer mei ús allen genietsje fan in lekker waarm fjoerke ûnder […]

Besjoch de aktiviteit
Lustrum foar it 95-jierrich bestean

It Selskip is oprjochte yn 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen. It W.S.S.F.S. is ôfsplitst fan studinteferiening Ceres te Wageningen. It wie de earste feriening yn Wageningen wer’t manlju en froulju op deselde jûn by inoar weze mochten. Dêrneist mochten de studinten Frysk prate op aktiviteiten. Dit wie net fanselssprekkend yn de tiid fan oprjochting. Troch de tiid hinne hat it Selskip al in soad leden kint.

It bestjoer soarget derfoar dat de feriening draaiende bliuwt. Der wurde goeie banden holden tusken de susterferienings, stúdzjeferienings en de regionale studinteferienings yn Wageningen.

 
Bestjoer 2026-2027 ''In Mearke Gelyk''

Regionalen & Susterferienings

Mei tank oan ús haadsponsor

De Fryske Beweging stipet ús feriening en ús ynset foar de Fryske taal en kultuer yn Wageningen.

Besjoch de webside

Nim kontakt mei ús op

Wolst in kear delkomme, hast in fraach of wolst mear witte oer it W.S.S.F.S.? Wy hearre graach fan dy!

Stjoer ús in mailtsje

Sosjale media

Postadres

Gebou 201, de Leeuwenborch
Hollandseweg 1
6706 KN Wageningen