Federaasje fan Fryske Studinteferienings
Fanôf 22 desimber 1930 binne wy lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, besteande út D.S.S.F.S. Aldgillis út Delft, F.F.J. Bernlef út Grins en ús, it W.S.S.F.S.. Foarhinne wienen mear Fryske ferienings oansletten by de Federaasje, mar spitigernôch bestean dizze ferienings net mear.
Fanút de Federaasje wurde der leuke aktiviteiten organisearre mei it doel it stimulearjen fan gearwurking tusken de trije (en eventuele nije) Fryske studinteferienings. Sa ha wy elts jier tusken Kryst en Ald en Nij it Krystkongres yn Frjentsjer, in âlde tradysje wêrfan yn 2025 alwer de 93e edysje plakhân hat.
Elts jier wurdt in deistich bestjoer ynhammere. Elts jier binne der ien of meardere leden fan it W.S.S.F.S. dy’t yn it Federaasjebestjoer sitte.
Wolsto mear te witten komme oer de Federaasje? Sjoch ris op www.federaasje.frl!
Of folgje se op instagram! @de_federaasje
Aktiviteit nei it Frysk Myseum mei de Federaasje
Krystkongres 2025