- This event has passed.
WK Fuotbal sjen mei de WJUK

“We zijn er weer bij en dat is prima, Viva Hollandia”. It is wer hast safier, it WK fuotbal! Hoe fier sille de mannen it dit kear skoppe? Komme se fierder as de kwartfinales fan fjouwer jier lyn? Wy sille it mei meitsje, mar it is fansels in stik leuker om dizze sportsenaasje mei syn allen te belibjen! Kom dêrom snein 14 juny nei de common room fan Churchillweg om dêr ûnder genot fan oranje snackjes de earste wedstriid fan de poulefase tsjin Japan te sjen! Jimme binne wolkom fanôf 21 oere, dus nei in moai wykeintsje yn Fryslân hast noch alle tiid om yn Wageningen te kommen en de nije wike moai yn te lûden! Fansels ferwachtsje wy jimme wol yn oranje klean 🙂
Oant dan!
🔒 Allinnich leden kinne har ynskriuwe fia de webside. Klik hjir om yn te loggen!