Bestjoer Fan Bûgjen Frjemd
Ha goeie, ik bin Jacob Wiedijk en 3e jiers fan ‘e stúdzje Agrotechnologie. Ik kom út Mantgum wei. Dit jier mei ik foarsitter wêze fan it W.S.S.F.S. De feriening hat al in hiele histoarje en dizze wolle wy graach heech hâlde. Fierders ha ik der nocht oan dat alles sa nei koroana wer op it âlde begjint te lykjen. Ferieningsjûntsjes binne wer like smûk as fan âlds!
Goeie, ik bin Sigrid, 20 jier en bin súnt ein maart skriuwer fan it W.S.S.F.S. Ik doch bistewittenskippen en sit yn myn 3e jier fan’e bachelor. De earste twa bestjoersmoannen wiene drok mar seker hiel gesellich. As skiuwer moast foaral in soad tipe, únder oare de wykmails, dit krije de leden elke wike en ik probear der altyd in moai ferhaaltsje fan te meitsjen. Neist it bestjoer wêzen ha ik noch oare hobbies, ûnder oare it fierljeppen. Tsjintwurdich ha ik net in soad tiid om te trainen, mar jieren lang stie de simmer yn it teken fan it fierljeppen en ik doch dit noch steeds mei in soad wille. Yn Weinum besteed ik myn tiid neist de uni en de feriening, faaks yn; ite mei freonen, op stap gean of sporte. Ik ha in soad nocht yn it kommende bestjoersjier en sjoch út nei de leuke dingen die’t kommen gean.
Hoihoi, ik bin Evelien van der Schaar en ik mei dit jier as ponghâlder de jildsaken foar ús moaie feriening regelje. Ik bin twaddejiers masterstudint by de stúdzje Forest and Nature Conservation en haw dêrfoar Biologie yn Utert studearre. By myn oerstap nei Weinum kaam ik al gau by it WSSFS terjochte. Mar goed ek, want nei hast 4 jier op mysels begon ik it Frysk praten wol te missen! Sa at jo miskien al tochten is ‘van der Schaar’ net hiel Frysk, ik bin dan ek berne yn Hilversum. Dochs praat ik myn hiele libben al Frysk, myn mem komt nammentlik út de Wâlden!
Ha goeie, ik bin Hylke Schakel en ik sit no wat oan it ein fan myn tredde jier plantewittenskippen. Neidat foarich jier bestjoer ûndanks koroana tige gesellich wie, tocht ik: ‘no, dan kin der noch wol in jierke efteroan,’ dus sadwaande, hjir bin we wer. It W.S.S.F.S is in tige gesellige feriening. It is eins gewoan in út de klúten woeksen freoneploech en dat makket it ek sa leuk. Je kenne eltsenien gewoan binnen de feriening en ek yn alle kommisjes is it tige gesellich en krekt wer wat oars. Sa ha je dochs in hiel soad ferskeiden aktiviteiten en it is fansels geweldich dat je in bytsje Frysk prate kinne yn Weinum! Dizze feriening hat foar ieder wat wils dus kom ris gesellich del! Dit jier wurd wer geweldich, der twivelje ik net oan, want mei de leden fan dizze feriening kin dat net oars.
Goeie, ik bin Marte van Duuren, 20 jier, kom út Grou en sit no yn myn twadde jier fan ‘e stúdzje Bos- en Natuurbeheer. Dit jier mei ik bysitter fan de feriening wêze en hâld my der troch dwaande mei ús sosjale media en wat oare moaie taakjes. Derneist fyn ik it hearlik om yn ‘e natuer te kuierjen en by freonen del te kommen. Ik haw der noch in pear hobbys by mar dat is net it belangrykste. Ik haw de ôfrûne tiid sân soad nije ding dien, minsken kinnen leart en myn leafde foar de Fryske kultuer fersterke. Ik sjoch dernei út om takommend skoaljier wer oan de slach te gean en jimme allegearre te sjen!