Bestjoer In Mearke Gelyk 2026-2027
Rixt Geertsma
Ha goeie, ik bin Rixt en ik bin 22 jier âld. Dit jier sil ik de foarsitter wêze fan it W.S.S.F.S. Nei in jier skriuwer west te wêzen twa jier lyn, en in bestjoersjier as foarsitter fan de Federaasje, hoopje ik dizze ûnderfiningen goed te brûkjen dit jier. Ik kom út Feanwâlden en kin wol sizze dat ik it hiel moai fyn dat wy dit jier in bestjoer hawwe dy’t kompleet út Wâldpykjes bestiet. Yn myn frije tiid doch ik oan it kaartspul bridge. Ik sjoch hiel bot út nei it oankommende jier mei myn bestjoersleden!
Lena Bloemhoff
Hoi! Ik bin Lena, 22 jier en ik studear MSc Resilient Farming & Food Systems. Dit jier bin ik Skriuwer fan W.S.S.F.S. Ik haw al in soad wykmails skreaun wêr ik altyd in soad fan genietsje. Frysk skriuwen en lêze fyn ik echt leuk, en ik lear noch eltse dei. Ik kom fan in pleats út Surhústerfean en mei graach iten siede, bakke en hânwurkje. Ik haw echt sin om it kommende jier de leden te ferwennen mei lekkere snacks op aktiviteiten en kwaliteit literatuer yn myn wykmail!
Silvia Herrema
Goeie ik bin Silvia. Ik bin 24 jier âld en sil dit jier ponghâlder wêze. Ik kom út Damwâld en sit op dit stuit yn myn earste jier fan de master Food Technology; hjirfoar ha ik yn Ljouwert studearre. Yn myn frije tiid fyn ik it moai om in rûntsje te fytsen op myn racefyts, lêzje ik graach boeken en fyn ik it prachtich om nije plakken yn ’e wrâld te ûntdekken. Ik hoopje op in moai en gesellich bestjoersjier!