HUKBUKFUK nei Aken

Hohoho, hasto ek al sin yn de krystdagen of sitsto noch net hielendal yn de krystsfear? Kom dan (noch mear) yn de krystsfear mei de HUKBUKFUK. Op Freed 27 Novimber sille wy fan ût Wageningen nei Aken ta. It plan is om mei de auto nei Aken te gean, mar Aken is ek maklik te berikken mei it OV. At wy der binne sille wy rûn in oer as 20:00 nei it Aachner Brauhaus. Nei it Brauhaus is it tiid om te feesten. De folgende moarn ha wy brochje by it hostel. Oan it ein fan de moarn sille wy in lytse spaziergang machen en dernei is it tiid foar de krystmerk wêrfoar we hjir natuerlik binne. Hjir kin elkenien syn eigen gong gean en lunchen. Kinst hjir sa lang bliuwe ast wolst en dernei mei de auto of it OV wer nei Wageningen of hús.
🔒 Allinnich leden kinne har ynskriuwe fia de webside. Klik hjir om yn te loggen!