Loading Events

« All Events

Krystkongres

28 desimber - 29 desimber
krystkongres 2025

krystkongres 2025

Hagoeie leave Fryske studinten,

It waar wurdt kâlder en wy libje hieltyd tichter nei de tiid fan kryst, en dus ek nei it jierlikse Krystkongres yn Frentsjer! Foar ús as Fryske jongerein de moaiste aktiviteit om it jier tegearre mei ôf te slúten. Krekt as ferline jier sille de prizen fan de Poezywedstriid útrikke wurde, de boargemaster sil ús tasprekke yn it stêdhûs, wy meitsje de jierlikse foto en sille dan ús breinen brekke mei in pubquiz! Nei in lekkere lunsj begjint it sympoasium. Hâld de sosjals yn ‘e gaten om te sjen hokker sprekkers delkomme…

It tema dit jier is Fryslân Ferbynt, want ek al wennet net eltsenien yn Fryslân en studearje wy allegear oare stúdzjes, ús kultuer bringt ús byinoar. En sa dus ek op 28 en 29 desimber yn Frentsjer. Set it yn dyn aginda, de ynskriuwings sille ynkoarten iepenje!

Dikke tût,

De Krystkongreskommisje

Details

  • Start: 28 desimber
  • End: 29 desimber

Organizer

  • Krystkongreskommisje

Venue

Reagearje