W.S.S.F.S.

  • Aksje

    Bake en Bond Marijkeweg 20, Wageningen, Gelderland, Netherlands

    Hasto altyd al witte wollen hoe't it is om bejaard te wêzen? Dan is dat dyn kâns! Op 22 septimber hat de Aksje in seniorenjûn organisearre fol mei âlderwetske gesellichheid. Fan spannende bingopotsjes oant fanatike potsjes rummikub en fan bloedstollende jeu de boules wedstriden nei in rollator race; alles sil oan bod komme. Dit wolst […]

  • Sylwykein

    Kampearbuorkerij Hettinga Ûtbuorren 48, Terherne, Fryslân

    It moaiste wykein fan it jier komt der wer oan: it Sylwykein! Wy geane mei WSSFS in hiel wykein fuort. Rekkenje op leuke aktiviteiten, spultsjes, gesellige jûnen en foaral in soad wille mei-inoar. It is de perfekte gelegenheid om ús leden en de feriening better kennen te learen en tegearre prachtige oantinkens te meitsjen. Op […]

  • BOARRE

    Hotspot Churchillweg 2, Wageningen, Netherlands

    Nei it grutte súkses fan ierdere jieren hat de B.O.A.R.R.E. besluten om it cocktailguod wer ôf te stofjen. Op dizze aktiviteit fersoarget de B.O.A.R.R.E. in kursus cocktail meitsje. Hoe moatte je in limoen utknipe? Hoefolle alkohol moat der yn sa'n ding en hoe soargest foar dy optimale utstrieling fan dyn drankje? Dit alles en noch […]

    €9
  • WJUK offline jûn

    Hotspot Churchillweg 2, Wageningen, Netherlands

    Binne dyn laptop en telefoan ek wat te folle dyn bêste freonen wurden? Dan is it tiid om de skermen efkes oan de kant te lizzen. De WJUK organisearret in offlinejûn. Gjin laptop, gjin telefoan en gjin notifikaasjes, mar gewoan in gesellige jûn mei-inoar. Wy soargje foar leuke spultsjes, kleurplaten, puzzels en oare kreative dingen […]

  • Learmomint

    Onder de Linden Haagsteeg 16, Wageningen, Gelderland, Netherlands

    Wy sille lekker genietsje fan in drankje by Onder de Linden. Jim binne wolkom fanôf 20:00!

  • Escaperoom

    Escaperoom Wageningen Nude 28, Wageningen, Netherlands
    €10
  • Tony Feitsma Workshop

    Forum

    Op 11 novimber fanôf 19:30 sil Hein Jaap Hilarides in workshop jaan oer Frysk skriuwen. Dit sil barre op de sosjéteit fan F.F.J. Bernlef. Yn Wageningen wurdt in online ferbining regele. Dizze workshop is in moaie kâns om wat op te stekken oer hoe’t je mei de Fryske taal skriuwe kinne. De workshop sil gean […]

  • WJUK praatjûn en maskers meitsje

    C'mon room Asserpark Asserpark 44, Wageningen

    Hoe is it om op dysels te wenjen? Der feroaret in soad ast ynien alles sels dwaan moast yn plak fan dyn âlders. En hoe is it om mei hûsgenoaten te wenjen, of just hielendal allinnich yn in studio? En hoe is it om te hospitearjen. Dit alles sille wy beprate by de WJUK praatjûn! […]

  • Aksje

    fusion dome EDE Vening Meineszstraat 4, ede

    Jahaaaa de Aksje hat wer wat moais betocht! Wy gean der mei syn allen wer ris âlderwets op út rjochting Ede. Hjir sille wy ûnder it genot fan in drankje (eigen konsumpsje) lekker in jûntsje midgetgolve. Mar nee net samar midgetgolfe: GLOW IN THE DARK midgetgolfe! Hoe fet is dat? Doch krekt of bist Tiger […]

    €7,50
  • T&K Sprekkersjûn

    Forum B0309 Droevendaalsesteeg 2, Wageningen

    Tradysje yn beweging: it ferhaal fan Fryske sporters Wat driuwt in sporter om alles te jaan foar syn of har sport? By Tradysje yn beweging nimme trije Fryske sporters us mei yn harren wrâld. Se fertelle oer harren sport, de tradysjes en skiednis dy't dêrmei ferbûn binne, en litte sjen hoe't dizze sporten hjoed-de-dei noch […]

  • HUKBUKFUK nei Aken

    Aken

    Hohoho, hasto ek al sin yn de krystdagen of sitsto noch net hielendal yn de krystsfear? Kom dan (noch mear) yn de krystsfear mei de HUKBUKFUK. Op Freed 27 Novimber sille wy fan ût Wageningen nei Aken ta. It plan is om mei de auto nei Aken te gean, mar Aken is ek maklik te […]

    €69,99